-26- Ik leau der neat fan, ik ha te lang mei begruttings wurke op allerhande terreinen, dat dat fiersten en fiersten te let is, dat kin net. Mar der stiet wol yn it V.M.A.-rapport dat wy einliks dy ombûging wol dwaan moasten, en der moatte hurde dingen neamd wurde. Dy moatte mei de minsken bepraten wurde. Mar der moat earst in útstel komme fan't kolleezje. Derom ha ik ek efkes nei de V.V.D. sjoen, dy leit by elk ferhaal altyd sifers. No leit hjir sa'n útgebreid ferhaal mei sifers dy't twa moannen êld binne en der leit neat by. No dat is efkes de yntinsje fan myn opmerking. Wy kinne wol prate oer hoe't moat en der kinne wy noch wol in jier oerprate want wy hawwe der al twa jier oerpraten en wy witte it no en wy dogge der neat mei. Ik hie ferwachte dat der no ris wat dien waard. De hear Van der Baan seit, oan'e iene kant bin ik wol tefreden oer it antwurd fan de wethêlder, dat sy yn alle gefallen bepaalde aspekten dy't ik neamd ha, ek meinimme wol. Opfallend lykwols fyn ik dat sy de útgongspunten dy't foar ús party altyd tige wichtich binne net meinaam. Dat wie nammentlik dat wy graach ek it fuortsterkjen fan'e eigen taal en kultuer yn de oandachtspunten of ûnder it wenjen beflappe woenen. Ik fyn dat yn ús mienskip, yn'e Fryske mienskip dat ien fan de wichtigste dingen op dit stuit is. Benammen ek omdat wy wol goed yn'e rekken hawwe moatte dat de bedriging fan ús eigen taal en kultuer dochs sadanich is dat de oerheid der dúdlik in stik oandacht foar hawwe moat. Dogge wy dat net dan witte wy dat der in efterútgong ûntstiet en dermei ek miskien seis in teloargong. Ik fyn dat ús gemeente wat dat oanbelanget bepaalde ferplichtings hat. Wy hawwe fierders wat de oare punten oanbelanget, dochs ien saak dêr't ik net mei de oare partyen alhiel meigean. Dat is nammentlik oer dat útgongspunt fan dy privatisearrïngIk ha altyd it idee dat dat in soart tsjoen- derswurd is op dit stuit. Privatisearring soe dan altyd liede ta iniadar hege kosten. Ik tink dat in gemeentlike organisaasje dy't goed opset is, of in yntergemeentlike oerheid dy't de taken op goeie wize útfierd, altyd goedkeaper wêze moat. En wêrom, omdat jo by privatisearring altyd te meitsjen krije mei it doel, nammentlik winst meitsje. Wat jo by in oerheid net hoege. Ik wit dat it in teoretysk útgongspunt is. Mar dat wol net sizze dat jo besykje moatte om dit soart taken, of it oerheveljen nei de private sektor ta, hilich te ferklearjen. Want wat bart der yn'e praktyk, wannear't it ien kear privatisearre is en de oerheid ferliest dan syn grip, dan bin jo oerlevere oan it partikulier inisjatyf. Dan witte wy yn in protte gefallen wol wat der bart. Dan gean de tarieven likegoed ek omheech. Dan wurdt it ek hieltiten djoerder en d^oerder. Boppedat fyn ik dat wy yn in gemeente dêr't wy dochs fan útgeane, dat it in gemeente is dy't de sosjalistyske útgongspunten altyd nei foaren brocht hat, seker derom tinke moatte dat in eigen personielsbelied dochs hiel wichtich is. Wy binne wurkjouwer en wy moatte net sykje om altiten út te gean fan it jild. Der sil ek in bepaald sosjaal klimaat binnen dizze gemeente wêze moatte wêryn't wy dus ek de oandacht hélde foar de minske. Net it jild moat altyd sintraal stean. De minske as dielnimmer oan dizze maatskippy moat ek yn dizze gemeente syn plak fine kinne. Wy moatte in goeie wurkjouwer wêze, dat wol ik allinne mar sizze.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 47