-27- Wy moatte net sizze, jongens dy minsken út'e plantsoenentsjint derút, wy kinne goedkeaper, wy dogge it privatisearjenderweiIk ha der noch alle dagen muoite mei dat wy sa maklik mei minsken omgean. Ik bliuw derby, in goeie fersoarging en in goeie útfiering fan dit soartte taken troch in gemeentlike oerheid kin op syn minst sa goed wêze as troch privatisearring. Dy kanttekening wol ik dúdlik der bysette. Foar de rest bin ik it wol mei de P.v.d.A.-fraksje iens dat der yn de prinsipes hjir in gefaar sit. Ik wol de wurden fan'e hear Renia ek wol ûnderstreekje dat it prinsipe fan'e "klant betaalt", yndied assosiasjes opropt en ek de yndruk wekke kin dat wy al te folie de kant útgeane fan no alles moat mar wat jild kostje, dat moat direkt mar betelle wurde. Ik diel syn miening dat wy der o sa fersichtich mei wêze moatte oerheid wêze tsjinstferlienend wêze moatte nei de befolking ta. Dat moat útgongspunt wêze en it moat net sa wêze dat wy as in soart private ûndernimming njonkenlytsen begjinne te funktionear jen. Of in yn alle gefallen dat wy dat tinke oernimme. Wat ik fyn dat o sa gefaarlik yn'e hjoeddeiske maatskippy De hear S. Bouma seit, de opmerkingen dy't de V. V.D.-fraks je makke hat oer bepaalde items en punten, dy binne troch de wethâlder behannele. Ut'e wurden dy't sy dêrby brûkt hat, kin ik dochs opmeitsje dat de yntinsje dy't derút blykt, gelyk is as ús yntinsje en ús efter lizzende gedachte. Sadwaande kinne wy ús der prima yn fine. Ik wol noch in pear dinkjes sizze oer de planning. Wy fine dy planning tige wichtich. Wy tinke ek dat alle ynstânsjes dy't by de hiele matearje belutsen binne, alle minsken, boargers, rieden en wat der mar by komt te sjen, tidich op'e hichte brocht wurde moatte. Miskien is dat al bard en oars sil dat moarn barre moatte, sa dat sy harren bûsboekjes dêrop ôfstimme kinne. Dan tink ik dat wy dizze planning hel je. Dat is hiel wichtich. Ik tink dat as it eltsenien mar dúdlik is wêr't wy hinne wolle, dan moat it slagje. Dan wolle wy gewoan meijaan en wy hechtte dus echt wol oan dy planning. Dy 15.000, kredyt dat is akkoart, dat hie ik noch net sein. De léste opmerking dat is it léste punt oer dy ynsidenteel frijkommende middels, der hie de hear Renia ek in fraach oer, en ús fraach heakket der yn feite in bytsje by oan. Moatte wy no alles yn prinsipe earst reservearre foar kosten dy't wy noch ferwachtsje of sizze wy, wy parkearre it yn it algemien earst efkes by de algemiene middels en dogge dêr ynsidenteel in berop op. Want oars is it foar ús wat in iepen ein regeling en dat is tink ik, ek net hielendal de bedoeling. Noch ien opmerking, de hear Van der Baan, dy komt no mei allegearre negative ferhalen oer it privatisearjen. In pear jier lyn, hie hy it oer safolle gemeenteauto's dy't der wienen, doe woe hy wakker in oare wei ynslaan. No hear ik wer in hiel oar ferhaal. Ik fyn it net rymjen. Mevrouw Van den Berg zegt, eerst een opmerking over de 15.000,-- voor externe hulp. Ik dacht eigenlijk dat de heren Vos en Thijssen wel genoeg handgrepen hadden achtergelaten. Dat ten eerste. En verder heb ik dus begrepen van de wethouder dat wij voor de financiële middelen daar nog exacte voorstellen over krijgen met actuele cijfers. 0120V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 48