-28- Wethâlder Bloem seit, der komt stadichoan mear lijn yn alle saken. Ik tink dat/ om efkes te reagearjen op de minsken, as it giet om de tema's, de hear Renia seit, no wiis mei it ferhal om miljeu hinne/ dat ik derby bleau as it giet om it fersterkjen fan de eigen taal en kultuer dat foar ús dochs wol wat ferpakt sit yn'e saken sa't wy dy hjir neame. Wy wolle gebrûk meitsje fan'e bysûndere omstannichheden hjir en dy wolle wy feitlik ek benutte. Ek om dêrmei de gemeente nei buten ta sa goed mooglik yn byld te krijen. Dus dat is net wat dat wy der noch apart by neame wolle. As it dan giet om dy saken om de algemiene oan- dachtspunten hinne dan tink ik, sa't de hear Renia dat ferwurdet yn dy sin fan: útgongspunt is dy tagonklikens dat binne saken om draachkracht hinne. Der binne oan'e oare kant ek saken dy't fansels kostendutsend te meitsjen binne. Ik tink dat dat in gearfetting is dochs fan dy saken sa't wy dy neamd hawwe. Ik tink dat ik yn dy sin deryn meigean kin. Wol in lytse opmerking. It liket my ferstannich dat wy yn syn algemienheid doch ris werom komme op saken om it minimabelied hinne. Want ik tink dat it dan mooglik in protte dúdlik wurdt fan hoe't wy der mooglik mei omgean kinne. Op'e nij: it is hiel dúdlik wurden dat wy der op in hiel foarsichtige wize mei omgien moatte. Ik wol der ekfes opwize dat wy earder yndied in diskusje hân hawwe yn'e ôfdieling, dêr't praat is èn oer it kwytscheldingsbelied èn oer it minimabelied. Ik tink dat meineame it twaade punt noch mar ris oan'e oarder komme moat om oan te jaan wêrom jo dat dan dogge en foar hokker groepen as jo dat dogge. As it dan giet om privatisearring, in myn earste reaksje ha ik hiel dúdlik miend, yn elk gefal derby te neamen dat dy betingsten dy't fan de P.v.d.A-fraksje útdroegen binne, dat dy foar ús ek jilde. En dan kom ik yn feite ek by de F.N.P.-fraksje út. It is fansels sa dat as wy ta privatisearring oergean dat dogge wy net samar, der binne bepaalde redenen ta. Dat dogge jo tink ik op ien of oar momint as jo sizze wy wolle dochs de foars jenning oerein hâlde. Mar wy tinkde dat wy dat op in goedkeapere, op in oare wize dwaan kinne der't kontinuïtetit garandearre is. Dat dogge jo fansels net sa mar, dat dogge jo net altyd út luxe. Mar jo dogge dat ek omdat jo, en dat is ek in sosjaal aspekt tink ik, neist oare sosjale aspeckten dy't jo neamd hawwe, dat wy ek hâlden binne om goed om te gean mei de belêstingjilden dy't ús tabetroud binne. Ik tink dat ek dat in saak is dêr't wy hiel goed om tinke moatte. As wy op oare wizen, ferantwurde wizen, rekkening hélde my dy betingsten, bepaalde saken wol oerein hâlde kinne, dan tink ik dat wy dat wis wol yn ús omgean litte kinne. Ik begryp dat de fraksje fan't C.D.A. hiel benijd is oft wy dy planning hel je. Wy geane derfan út dat dat slagje sil. Dat wy yn elts gefal yn novimber yn'e ried in tal konkrete saken oan jimme foarlizze kinne. Ut dy útstellen sil jimme dúdlik wurde, wat dan de ynhâld is fan it bestjoers- plan. Wat us reaksje is op alle plannen en sifers dy't oan ús oanbean binne. Mar dan sil it ek dúdlik wêze hokker saken wy al op koarte termyn oan'e oarder stelle kinne en hokker mooglik op in oar momint komme moatt. It giet der fansesl om de langers termyn saken te regeljen, en dat binne yndied gjin saken dy't jo efkes hiel rap dwaan kinne. Wy meitsje der dan "stapt" mei.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 49