-2- Lykwols binne wy fan betinken dat de betingsten dy't easke wurde oangeande de stalling fan hynders, fan de man tsjinoer de eigner fan it kafee nei kommen wurde moatte. Sa ja, is der wol genôch tafersjoch op. Hoe tinkt it kolleezje dit fierders of te hanneljen. De voorzitter stelt voor het advies ter afdoening in handen te stellen van b. en w. Wethâlder Nieuwdam seit, oangeande Poppenwier binne der yn twa rjochtingen opmerkings makke. De earste opmerking is yn'e rjochting fan de ôfjûne Hinderwetfergunning en de fierdere gefolgen dy dat hat. Ik tink dat ik dêr sa't mefrou Veldstra dat seit, kennis fan nim, wat har gefoelens dêr oer binne. Wol wol hy derby nochwol yn it ljocht stelle, dat wy in alle sekuerens probearre ha om de saken dêr sa oerein te hélden, sa 't it ek formeel heart. Dat it dan ferfelende gefolgen hat, ik tink dat wy it dêr mei iens binne, en dat betreure wy op himsels ek. Wy sille yn alle gefallen besykje om dêr, ek fanút de gemeente út, in positive bydrage te leverjen oan de fierdere oplossing fan de eventuele problemen. Petearen dêroer sille ynkoarten wol plakfine. Oangeande it eigentlike ynkommen stik, neamd ûnder 25 en eigentlik ûnder 26, is it sa dat fan de ôfdieling boukunde en from út de saak wiidweidich besjoen is. Yn in brief dy't oan de hear Van Houten tastjoerd is, op 28 juny, wurdt tocht ik, wiidweidich oanjûn wat der allegearre barre moat, en oan hokker betingsten foldien wurde moat. Ik soe folstean wolle om te ferwizen nei dizze brief, wêr't dus alles oant yn details stiet. Foar safier dat needsaaklik is, tink ik dat wy dêr yn'e 3e ôfdieling noch wol op wêrom komme. Punt 27. Mefrou Veldstra seit, eigentlik in hiel nijsgjirrich fraagje. Ik koe net dudlik út de stikken fine, wêrfoar dizze man no in bydrage krigen hie. Ik bin eigentlik wol in bytsje nijsgjirrich. De voorzitter zegt, dat het hier om een mevrouw gaat. Deze mevrouw dankt de gemeente voor een subsidie die zij gekregen heeft voor een aanpassing in het kader van de regeling geldelijke steun huisvesting gehandicapten. Punt 34. Moasje. De ried fan'e gemeente Boarnsterhim hat yn har gearkomste fan 27 augustus 1991 útsprutsen slim ûngerêst te wêzen oer it foarnimmen fan it regear om kêst 73 fan'e "W.O.V." te skrassen en dêrmei 1 miljoen te besunigjen op'e ôfdieling Frysk fan it M.S.U. De ried wiist it regear op har bysûndere ferantwurdlikens foar it Frysk en trunet der by it regear en de Twadde Keamer op oan om dit foarnimmen yn te lûken. Fraksje P.v.d.A. Boarnsterhim, P.M. Renia. nn«;v 71

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 4