-29- Ik tink dat út de ynhâld fan it bestjoersplan ien en oar wol dúdliker wurde sil. As it giet om de 15.000,tink ik dat ik der net safolle nijs oan taheakje kin. Dêrfan hawwe wy de yndruk dat it nedich wêze kin om op ien of oar momint dêr dochs noch eksterne stipe by te ûntfangen. Oangeande de frijkommende finansjele middels. It is net sa dat wy ta yn lengte fan jierren no in nij potsje kreearje "Bestjoers- planpot" om it sa mar ris efkes te neamen. Nee, wat wy hjir eigenlik by bedoele, is dat wy sizze oant it momint dat wy komme mei dat útstel, en ek dus oan'e behanneking yn'e ried, moatte wy oan de oerskotten dy't wy yn dy tiid tsjin komme net op foarhân al bepaalde ynhâlden oan jaan, jimme gjin útstellen oan dwaan. It hâldt yn dat op ien of oar momint yn it ramt fan it bestjoers- plan herkenne kinne, wat wy my dy middels dien hawwe. Dat jimme dêr ek útstellen fan sjen kinne. Dus dat komt op dat stuit mei des te mear klam wer werom. De hear Van der Baan seit, ik bliuw muoite hâlde mei de punten c. en d. dat giet dan om de finansiering, omdat derby ús dochs net dudlik wurdt, wat dêr no de needsaak en de ynhâld fan is. Dêr krijge yw neat fan te sjen en te hearren. Ik fyn dat op dit stuit te min. As de wethâlder seit ûnder punt c. krije jimme fan ús in dúdlik oersicht hokker kosten dat binne - want ik fyn dat de ried dêr ek in goed idee oer ha moat, hoe't dy kosten en wat foar kosten it binne -, as sy dy tasizzing dwaan wol, gean ik akkoart mei c. Mar ûnder d. gean ik absoluut noch net akkoart. Wethâlder Bloem seit, ik tink dat b. en c. gearfalle. Dat ik eigentlik sein ha fan dat punt oer it minimabelied, dat it belangryk wêze sil om dêr ôfsûnderlik op werom te kommen. Dan wurdt ek dúdlik wat der krekt mei bedoeld wurdt. De hear Van der Baan seit, ik wol ûnder c. graach hawwe dat de wethâlder ús taseit dat wy neierhân ynsjoch krijge yn de wize werop dy 15.000,bestege is. Wethâlder Bloem seit, uteraard, dat is dudlik. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De fractie van de F.N.P. wil geacht worden tegen punt d. te hebben gestemd. Aanvraag om ontslag als ambtenaar van de burgerlijke stand van mevrouw W. Wielinga-Zwart Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 0120V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 50