-30- 9* Voorstel tot het beschikbaar stellen van gelden uit hot reserve- fQn<?8geluidhinderten behoeve van de uitvoering van milieu- basistaken. Mevrouw VâSdenBerg zegt, de ambtenaren die onze mileutaken moeten uitvoeren, zijn de laatste maanden met voortvarendheid aan het werk geslagen. Aan hen zal het dan ook niet liggen om zo snel mogelijk de achterstand in te halen, die wij hebben opgelopen in de verplichte uitvoering en zodoende de reeds ontvangen BGUM-gelden veilig te stellen. Wel is gebleken, en u verwoordt dat ook in het voorstel dat deze inhaalslag uitgevoerd moet worden in 1992, dus het komende jaar. De door u gevraagde 50.000, een voorlopige start van deze inhaalslag, waar wij overigens graag mee instemmen, is wel het begin van een paar ton. Wij hopen dan ook dat u de moed hebt nu direct deze gelden vrij te maken via de V.M.A.-gegevens, en nu deze bedragen gelijk op laat nemen in de aanstaande begroting van 1992, en zo tevens te voorkomen dat over de wijze van uitvoering van onze milieutaken, weer negatieve publicaties verschijnen. De hear Bfiltiüâ seit, ús fraksje kin hjir fan herte mei ynstimme. Doe't wy dit punt fan'e wurklist yn'e tredde ôfdieling krigen skrokken wy al efkes, want der sie't in gigantysk pak papier by. Op himsels wie dat net sa'n ramp, allinne der stie yn wat der allegearre barre moast, en op wat foar wize, hoe't it dan finansiert wurde moast. Dan prate jo net oer tonnen, mar dan prate jo oer miljoenen. Uteinlik die bliken dat wy in dizze ried mar oer 50.000, hoege te praten. Dan is dat wol de earste oanset om in efterstânsitewaasje yn te rinnen. Ik kin my yn dat ferbân wol by de wurden fan mefrou Van den Berg oanslute. Der moat noch folie mear op it kleed komme, en dat dochs des te mear tink ik in berop op it hiele V.M.A.-barren. Want der is ûnder oaren oanjûn hoe't wy dat finansierje moatte. Feitlik is noch mar dit in druppel op in gloeiende plaat tink ik. It is dochs in begjin en wy kinne ús der wol yn fine. De hear VaaââlBaan seit, wy hawwe hjir in kredyt fan 50.000,wat wy putte wolle út it reservefûns lûdhinder. No is myn fraach, dy is eigentlik twaledich. Hoe grut is dat fûn?, dat ha ik net útfine kinnen, en wêrfoar is dat jild fan it reservefûns lûdhinder yn wezen bedoeld? Wethalder Nieuwdam seit, ik merk op dat der út de ferskate fraksjes yn alle gefallen in posityf lûd is oangeande de oanpak fan dizze saken om it miljeu hinne. Ik tink yndied dat de leste tiid nochal wat wurk ferset is om ek yn planmjittige sin saken ris op in rychje te setten. Net allinne foar it ynterne apparaat, mar seker ek nei de ried ta, om dingen dúdlik te meitsjen. Wat is der no oan'e hân, wat moat der no eigentlik noch barre en wêr moatte wy foar stean. It rapport dat elkenien krigen hat yn'e tredde ôfdieling sil dêr tink ik foldwaande dudlikheid yn jaan. Oangeande de opmerking fan mefrou Van den Berg oer wat fierder nei 50.000, Sy leit hiel dúdlik in relaasje nei de útfiering fan it V.M.A.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 51