-3- De voorzitter verzoekt een vertegenwoordiger van de P.v.d.A.- fractie om deze motie toe te lichten. De hear Renia seit, dat wie nei ferliene wike in tongerslach by heldere himel, út it súdwesten, út 'e rjochting fan Den Haach. We tochten krekt dat it Frysk wat mear plak krije soe, dêr't rjocht op hat, sjoen de útjouwings yn it ünderwiis, trije jier ferplicht Frysk yn'e ûnderbou fan it ferfolchûnderwiisEn no wol men der fuort de poten wer ûnderwei seagje, troch de middels dy't der wiene, net mear beskikber te stellen. En dan net sa as it reguliere begeliedingswêzen yn syn gehiel, moat 10% wer werom, nee fuort de folie mep. Alles moat fuort. Wy tinke dat it jild no krekt nedich is, not men dus sa'n rigoereuse stap nimt, nei it ferfolchûnderwiisWy tinke dat it likegoed ek nedich bliuwt by it basisûnderwiisWy kinne dan ek oars net, as mei klam protestearje tsjin dat skrassen fan alle subsydzjes dy't foar it fabrisearjen fan ûnderwiismiddels binne. Wy wolle derby dan ek it Ryksregear syn ferantwurdlikheid oangeande de twadde Rykstaal nochris in kear ûnder de noas hâlde. Der wurde út dy kant altyd hiele moaie wurden oanwijd. Men moat no ek mar ris sjen litte, en wy mienden dat dat de kant útgong, dat men it mient. Dit kin fansels net, dus fander dizze moasje. Ik wol noch in pear opmerkings derby meitsje. Yn oerlis mei de oare fraksjes, hat bliken dien, dat men graach oanfolle hawwe wolle, 1 miljoen "güne" om it dúdlik te meitsjen. It wurdsje gûne ûntbrekt. En in twadde opmerking dy ik meitsje wol, dizze moasje ha wy tongersdeitejün yn elkoar bakt. Freeds hienen alle fraksje him yn'e bakjes. Spitigernôch ha ik de mûnlinge taljochting wat let krigen. Dat wie op moandei en dat hat foar ien fan de fraksjes reden west om te sizzen, no wy witte it noch net. Ik wol gewoan sizze dat my dat spyt, dat ik dêr sa let mei wie. Mar fierders hoopje ik dat dizze moasje troch de oare fraksje oannommen wurdt. Mefrou Veldstra seit, de plannen fan it ministearje fan ünderwiis om ús in miljoen gûne óf te troggeljen foar it Frysk yn it basisûnderwiis hat ús tige rekke. It wurdt hieltiten dúdliker dat foar Fryslân wichtige saken, net mear oan Den Haach tabetroud wurde kinne. Wy hiene no krekt tocht dat in útwreiding foar it M.S.U. komme soe foar de begelieding fan it Frysk, not ek it Frysk as ferplicht fak opnommen is yn de basisfoarming fan it fuortset ünderwiis Soe it provinsjaal bestjoer fan Fryslân net in signaal nei Den Haach ôfjaan moatte, dat lykweardigens en lykberjochtiging yn Fryslân, oangeande it Frysk en it Nederlânsk in provinsjaal belied is. Us provinsje soe seis beskikke moatte oer it jild, dat foar it ünderwiis bedoeld is. Us útstel is dan ek, dizze moasje nei alle Fryske Gemeenten te stjoeren en harren te fersykjen om ek yn harren rieden in moasje oan te nimmen en dêrtroch yn aksje te kommen. Wy binne fan betinken dat hiel Fryslân harren fersette moat tsjin dizze plannen en dit noait akseptearje moat. -0115V 22

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 5