-39- Ik tink dat wy sa'n Hobbywurkpleats ek rjocht dogge, wannear't wy yndied, en dat is no oardel jier letter, ris oanjaan sille wat wy no fan harren fine. Dat mjitten fan "wat fine wy no fan harren", dat kin fansels in subjektyf gegeven wêze. Temear wannear't yn it ferline troch net ien fan'e partyen oanjûn is wat de kondysjes foar de libbensfetberhied binne. It kolleezje is yn dizzen, nei oardel jier sjoen ek de rapportaasjes en dergelike, fan miening dat der wis wol libbensfetberens is foar de Hobbywurkpleats. Dat yn dy sin binne wy dus as kolleezje, der wol út. As je op dat stuit dat punt benadere hawwe, dan sille jo ek fierder wurkje moatten oan dingen dy't jo yn it ferline ek nei dy groep ta, yn it foarútsjoch steld hawwe. It is ek al efkes troch de fraksje fan'e V.V.D. sein: yn wêzen is dit sa dat it wurk fan'e Hobbywurkpleats op himsels gewoan ynpast is yn'e oardering fan it Sosjaal Kultureel Wurk. Der is gjin inkeld probleem mei. Yn it riedsútstel april 1990, hawwe wy dêr hiel dúdlik in oanset ta joen. Dan giet it der dus om binne jo it dêr prinsipieel mei iens, ja of nee. Sizze jo fan nee, lit mar, dan fyn ik dat jo hjir te maklik sizze fan "net it goeie momint, wat dogge wy allegearre". Ik fyn dat wy nei de groep ta, de minsken dy't harren ridlik goed ynsette foar dy wurksumens dêr, fan de ried út hiel dúdlik wêze moatte. En dan mar gewoan sizze wat wol ik einliks mei dy groep. Ik fyn it net korrekt om de saak no wer op de lange baan te skowen. Ik wol nochris pleitsje foar de tri je aktiviteiten dy't mei it utstel anneks binne; it opnimmen fan dy aktiviteiten yn't Sosjaal Kultureel Wurk, oangeande de ynfentaris, de saak oer te dragen en om ek de subsydzje dy't allinne mar foar harren bestimd wie, no oer te dragen. Mevrouw V»n den Berg zegt, wij stellen zeker niet ter discussie de inzet van de mensen, absoluut niet. Maar dit rechtvaardigt ondanks dat het het wel of niet opneemt in het Sociaal Cultureel Werk om dan tevens de inventaris en tevens dan ook nog het bedrag van 8.200,beschikbaar te stellen. Het heeft totaal niets te maken met deze besluitvorming wat wij doen met andere groepen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De fractie van het C.D.A. wordt geacht tegen te hebben gestemd. 20Voorgtglvaststelling van een overzicht inzake huisvestings voorzieningenvQprde openbare en bi-izondere basisscholen in Boarnsterhim voor het tijdvak van 1993 tot en met 199S. Mefrou DgBoer seit, ik hie oangeande it útstel in fraach. Ik hear geruchten út De Haach dat der in boustop komme sil. Is dêr al wat fan bekind, bart dat of wurdt dat gewoan meinaam. Wethâlder Bloem seit, ik moat earlik sizze dat ik de Troanrede noch net bestudearre ha. Dus wat der mooglik yn ferstoppe sit, dat wit ik dus net. Wat ik wol wit, is dat, en dat giet dan oer dy boustop, der wurdt hiel serieus tocht om in boustop yn te fieren. Hl 9HT7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 60