-2- De hear Oosterhof seit, ik fyn it hielendal net in beswier as wy hjirre efkes yn besletten gearkomste oer debatearje. Wy hawwe de oare kear al sein, om ús hoegde dat hielendal net, mar no't it dochs bart, ha ik miskien eigenlik noch in pear opmerkings. Ik soe it ferskil net witte mei in iepenbiere gearkomste en dit. Dus gewoan yn beslettenheid der efkes oer prate in beslút nimme en dan is it ôfrûn. De hear Renia seit, wy hawwe der ek uteraard gjin beswier tsjin, as it oer it beried giet, beslute sa as de foarsitter seit moat yn it iepenbier. Wy sjogge net yn wêrom wy net efkes meiinoar oerlizze kinne oer dit gefal. De voorzitter deelt mee, dat de meerderheid van de raad zich toch uitspreekt om dit in beslotenheid te bespreken. Dan schors ik even de vergadering om de fractie van het C.D.A. de gelegenheid te geven de zaal te verlaten. De voorzitter heropent de besloten zitting en constateert dat de meerderheid van de raad aanwezig is. De hear Oosterhof wol der in pear dingen fan sizze. Der is doe in kommisje yn it wurk roppen, en dy docht in útstel. Dan sis ik, wa hat noch de wiisheid om tsjin dy kommisje yn te gean. It hawwe drege ûnderhannelingen west. Dat hawwe wy leaze kinnen yn'e stikken. As wy dan sizze sa koirnne wy derút en skowe wy in protte problemen oan'e kant, dan sizze wy akkoart. It hie miskien wat oars kind of moatten. Mar soks is dreech. As der in patstelling komt, berikke jo ek neat. Der is no útslútsel kommen en dan sizze wy akkoart. üs fraksje hat der fierders gjin beswier tsjin. Ofhannelje op dizze wize. De hear Reaia seit, de ynfalshoeke dy't de hear Oosterhof oandraacht is uzes ek. Der hat in kommisje west en dy hat sein: Dit is in oplossing foar it probleem. Dizze man hat jierrenlang wetteroerlêst hên. Dêr moat in skeafergoeding tsjinoer stean. De wetteroerlêst bliuwt yn'e takomst, hy krijt in pomp, hy krijt in fergoeding foar de oerlêst dy't bliuwt en hy krijt ek noch in lisplakje. Doe hat de man dêr noch by bedongen: "dat lisplakje wol ik bine oan it hûs en net oan'e persoan". No dêr soenen jo dan oer falie kinne, want dat hat dy kommisje net betocht. Moatte wy no in bulte drokte hawwe allinne dêrom. Wy hawwe sein, lit no mar sa. Dit is dan einlings ris in kear út'e wrâld. Wy stimme hjir dus mei yn. Ik haw allinne no in hiel oar probleem. No binne wy it iens, mar hoe wurdt der no stimd. Moatte de minsken fan it C.D.A. der no wer by. Want foarsitter, jo hawwe it hên oer iepenbiere beslútfoarming. De voorzitter schorst voor een ogenblik de vergadering, zodat de fracties van het C.D.A. en F.N.P. de gelegenheid krijgen om hun plaatsen weer in te nemen. ni •sntr

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 66