-4- Wol binne wy tige ynnommen mei it ynisjatyf fan Pv.d.A.-fraksjeom dizze moasje yn te tsjinjen. Wy stimme dêr dan ek fan herte mei yn. Mefrou Santerna seit, ek de V.V.D.-fraksje stipet de moasje fan d® P.v.d.A. It is foar de V.V.D. in wichtige saak, dat it Frysk sawol op 'e basisskoalle as yn it fuortset ûnderwiis stâl krijt yn in lykweardige posysje as de oare Rykstaal. Wylst wy foar de iene rykstaal hiel moai ark krije, soe dizze besuniging foar it Frysk ynhâlde dat wy mei âld spul oanklauwe moatte. De hear Breeuwsma seit, it is bekind dat wy it Frysk en alles wat der omhinne hinget, een goed en tige belangryk fine. Wat dizze moasje oanbelanget, wol ik it folgjende sizze. Wy ha earder wolris fan dy grappen hân, dan komt der wer in fraksje mei in moasje en dan sizze se letter, wolle jimme dize wol stypje. Elke fraksje hat hjir wol ien yn'e ried sitten dy't him dwaande hâldt mei it ûnderwiis en wat dêrmei gearhinget. Wy wolle wat dat oanbelanget de saak earst noch efkes wat fierder bes jen, Wy wolle ús net ynlitte mei dizze moasje. Wy ha ús aardichhied der wat of, dat men hieltyd moasjes produsearret en dan letter seits "Wolle jimme dizze wol stypje". Wy litte ús der fierders mei yn. Wethâlder Bloem seit, ik tink dat wy de besoargdheid en de tongerslach en oare wurden fan ferûntrêsting diele. Ik moat sizze dat as je de saken wat folge de leste dagen, dat de reaksje op de tongerslach, benammen ek fanút de provinsje, dêrfan krij je de yndruk wat, dat dy reaksje ek as in tongerslach wurke hat op it munistearje en dat it mooglik bystjoerd wurdt. Ik tink lykwols, dat it goed is dat dy moasje wat dat oanbelanget stypje. Ik freegje dan ek oare gemeenten om dêr ek in miening oer te jaan. Ik tink dat dat mooglik dochs noch ekstra stypjend wurkje kin. As jo tagelyk sizze as Ryksoerheid, dat jo steane foar it Frysk belied en krekt oerienkomsten sluten ha dêroer, dan sille jo dochs sizze moatte dat jo ek dit ûnderdiel fertale wolle yn finansjele stipe as it giet om de begelieding fan it Frysk. Dus wat dat oanbelanget, tink ik dat it in goeie saak is om De Haach dúdlik te meitsjen, fan dat dit no beslist net de bedoeling is, dat dit net de útfiering is en de fertaling is fan de eigen ferantwurdlikens. Ik ha foar de radio deputearre Liemburg dêroer ek heard. Dy seit eigentlik it is krekt oft it harren üntkaam is. Ik tink dat wy hiel dúdlik meitsje moatte, dat is ús net untkaam is. Dat wannear't wy dit serieus nimme, it Frysk yn it ûnderwiis, dat wy ek materiaal en ûndersteuning dêrby nedich hawwe. Dus wat dat oanbelanget kin ik it fan herte stypje. 0115V 23

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 6