-6- Wy binne bliid dat der mei dizze oankeap mei dizze bedriuwsferpleatsing, sjoen ek wat hjoed ek yn'e krante stiet, oangeande it útslach fan it berop by de Ried fan Steate, dat der no skot komt yn dizze saak. Want Jirnsum is en dat sil elk mei my ús iens wêze, oan in grutte opkanpbeurt ta. Sa't de buorren der hinne leit, dat is súterich. Dit útstel stiet ús benammen ek oan, omdat net allinne Jirnsum hjirmei holpen is. Men kin no de doarpsfernijing oanpakke, mar omdat ek de boer wer't hjir omgiet, útsjoch hat op in goeie bedriuwsfiering yn'e takomst. Hy bliuwt op ien kavel sitten en krijt moderne bedriuwsgebouwen Wy kinne it allinne mar fan herte stypje dit útstel. Ek al omdat ien en oar ek noch binnen de begrutting bliuwt. Mefrouw Veldstra seit, de ferkeapakte wykt of fan it taksaasjerapport. Yn it taksaasjerapport is sprake fan oankeap fan: de bedriuwsgebouwen; de grûn under de nije dyk, sirka 1 ha.; de grun binnen de dyk, sirka 2 ha.; bydrage yn de ynfesteringskosten fan de nije bedriuwsgebouwen. Yn de ferkeapakte en it riedsútstel wurdt útsteld: oankeap grun under de dyk; bydrage yn de ynfesteringskosten fan de nije bedriuwsgebouwen. Neffens it taksaasjerapport soe de famylje De Wolff 261.000,barre moatte, by allinne ferkeap fan de grun under de dyk en de bedriuwsferpleatsing, dus sa as dat yn de ferkeap akte omskreaun stiet. De gemeente betellet dus 150.000,tefolle. Der binne no twa mooglikheden: a. de gemeente keapet neffens de ferkeapakte en past it bedrach oan de 261.000, b. de gemeente betellet it bedrach dat yn it riedsútstel stiet 410.000,mar past de ferkeapakte oan op it taksaasjerapport. As F.N.P.-fraksje kinne wy mei dit útstel sa as dat no foar ús leit net akkoard gean. De fraksje stelt dan ek út om it riedsútstel oan te hâlden en werom te nimmen en yn de earstkommende riedsgearkomste mei in nij útstel wer werom te kommen. Foar boppeneamde útstel hawwe wy noch mear arguminten under oaren as it lân en de âlde bedriuwsgebouwen by de famylje De Wollf yn eigendom bliuwe, kin de gemeente yn'e takomst wannear't se dit lân eventueel oankeapje wolle foar wentebou nochris in kear bedriuwsferpleatsing betelje, want it stiet de famylje De Wolff frij ta om dêr op deselde wize of op in oare wize in agrarysk bedriuw te hâlden. Ek de rintefergoeding neamt yn kêst 4, fan de keapoerienkomst fan 1 juny 1991 of, hat gjin doel en is weismiten jild. Wy seinen, wy woenen graach de útspraak fan de Ried fan Steate ôfwachtsje. Jûn foardat ik hjir hinne gie, seach ik dat yn'e krante. De útspraak hat no west. Wy binne no ein augustus, dat wy soenen dan fan 3 moannen rinte betelje moatte. Wy hawwe dat rûchwei útrekkene en dat is al gau in 10.000, Dat soe der dan ek noch bykomme. Wy binne fan doel dat dy rintefergoeding in elts gefal skrast wurde moatte soe yn dy keapoerienkomst -0115V 25

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 8