-7- De hear Breeuwsma seit, dit is in útfiering fan in plan dêrt jierren oer praten is. En it is niis ek al troch de hear Renia sein, it is hast beskamsum dat je sa troch Jirnsum sirkulearje moatte by de grutte pypen lâns. It is lokkich dat dêr útsicht is dat de saak ris in kear oplost wurdt, ek foar it doarp seis. It is altyten in swiere yngreep foar boeren, dêrt men dochs troch it lân moat. De ien tilt der miskien swierder oan as de oare. Dizze famylje De Wolff hinget nochal oan harren pân en oan harren wenjen en buorkjen dêr. Jo kinne dêr fan miening oer ferskille, de iene seit jo moatte sa buorkje. Mar sy hingje oan harren bedriuw, oan dit bestean. Ik tink dat it dan ek goed is dat der de nedige soarch west hat, om mei dizze famylje De Wolff ta oerienkomst te kommen. Ik tink dat je der gewoan wiis mei wêze moatte dat no slagge is. Ik hoop ek dat de realisearring fan de dyk sa 't dy destiids pland is, op de koartst mooglike wize oanbestege wurde kin en dat wy fan dizze earmoede of binne yn Jirnsum. De hear Oosterhof seit, wy binne ek krekt as P.v.d.A. en C.D.A. bliid, dat der no in beslút kommen is. Dat dêr no in beslút leit, dat men fierder wurkje kin. Men kin sizze it is allegearre te djoer, as men in ferpleatsing hat, dan kom je samar op sokke bedragen. Wy hienen miskien graach noch sjen wollen, mar wy wolle sûnder mear net, it beslút dat dêr no leit trênearje, dat je sizze kinne wy kinne dat âlde bedriuw ûnttrekke oan'e agraryske sektor. Dat soe in punt fan berie wêze kinne. Mar as dat de ûnderhannelingen no noch opkeare moat, dan wolle wy der beslist net in punt fan meitsje. Mar oangeande de bebouwing, hienen jo sizze kinnen fan; no akkoart, omdat der dochs in bedriuwsgferpleatsing is. Fierders binne wy bliid dat der no sa'n útstel leit en dat wolle wy graach stypje. Wethouder Aukes neemt kennis van het feit dat de meerderheid, P.v.d.A, C.D.A en V.V.D., blij is met dit voorstel. Bovendien deelt zij mede dat vandaag ook de goedkeuring is ontvangen van het Koninklijk besluit inzake de onherroepelijke goedkeuring van het bestemmingsplan. De aankoop van deze gronden en de goedkeuring van dit bestemmingsplan, hebben grote invloed op het dorp Jirnsum. Wij hopen dat er in de toekomst een goede ontsluiting komt voor het dorp Jirnsum, zodat de kern ontlast kan worden van het drukke verkeer. Verder zijn wij blij dat dit allemaal binnen de begroting blijft. Naar aanleiding van het taxatierapport, deelt wethouder Aukes mede dat partijen erkende taxateurs aangewezen welke gezamenlijk een prijs hebben vastgesteld. Op die manier zijn we ook met de familie De Wollf tot overeenstemming gekomen. 0115V 26

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 9