GEMEENTE BOARNSTERHIM 1. Utstel ta it beskikber stellen fan 550.000,foar it baggerjen fan de Pikmar. Oan de gemeenterried. Grou, 24 oktober 1991. Yn de riedsgearsit fan oktober 1990 hawwe jimme besletten 100.000,beskikber te stellen foar it baggerjen fan de Pikmar. Us doel wie doe om troch sânwinning de Pikmar wer op djipte te bringen. Troch it feit dat neffens de oannimmer in ekonomyske sânwinning net behelle wurde koe, binne wy net slagge yn ús doel Fan it beskikber stelde jild is sa'n 40.000,brûkt om in lytse 40.000 m3 grûn út de Pikmar te heljen. Troch de bydrage fan de Marrekrite yn dit lytse projekt bliuwt fan de 100.000,noch sa'n 80.000,oer. Ek oerbleuan is lykwols it probleem fan de ûndjippe Pikmar. Mei troch de finansjele mooglikheden dy't de Marrekrite ús jout, binne wy troch gongen mei it sykjen nei de mooglikheden it projekt wol fan'e grûn te krijen. Yn'e juni gearkomste hawwe wy al sein, dat dat slagje soe; koartlyn is de formele goedkarring kaam. Ien fan de betingsten is, dat foar 1 novimber de gemeente ferplichtings oangean moat om dy ferplichtings oangean te kinnen sil troch de ried in kredyt beskikber stelt wurde moatte. Sjoch dêr ús haast en de needsaak ta dizze ekstra riedsgearkomste. Yn de gearkomste fan de fjirde ôfdieling van juny hawwe wu al útlein op hokker wize as it projekt oanpakt wurde sil. Koart sien komt it derop del, dat it gat dat op dit stuit makke wurdt yn'e Wide Ie wer opfolle wurde sil mei baggermateriaal út de Pikmar. It by de stikken lizzende "project voorstel baggeren van het Pikmeer" jout dat ek oan. Doelstelling is de Pikmar wer in faardjipte fan 2 meter te jaan. Dêrta sil noch in 175 m3 baggere wurde moatte. Fansels stean wy noed foar de walen en it "start"eilan. De totale kosten wurde fan ús kant rûsd op 550.000, Wy stelle jimme út dat bedrach beskikber te stellen. As dekking foar dizze útjefte wolle wy útstelle: 1. de subsydzje fan de Marrekrite 366.700, 2. it oerbliuwende jild fan it kredyt fan 1990 riedsbesluit 9 oktober 1990, nûmer 24) 80.000, 3. de begruttingsromte fan baggerjen Pikmar (kapitaalslêst 4.398,41.500, 488.200,— 0123V 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 3