- 2 - Wethâlder Nieuwdam seit ta dat it net yn'e earstfolgjende mar yn'e ôfdielingsgearkomste dy't dêrnei komt behannele wurde sil. Nummer 15. Mefrou Veldstra seit dat it finansjele plaatsje en de prioritei ten fan'e nota "Ouderenbeleid gemeente Boarnsterhim" noch ûnt- brekke. Dêroer sil de stichting noch in petear hawwe mei it kol- leezje Se freget oft dit ûnderdiel ek noch meinommen wurde kin yn'e begrutting foar 1992. Mefrou De Boer freget wannear't de nota yn'e ried behannele wurdt Wethâlder Bloem seit dat yn it oanbiedingsbrief stiet hoe't ien en oar al as net yn'e begrutting is te finen. Ein dizze wike sil der in earste petear wêze mei de stichting. Wannear't de nota yn'e ried komt is noch net te sizzen. Nummer 17. De voorzitter zegt dat het college voorstelt de circulaire te betrekken bij het actualiseren van het Rampenplan. De hear Van der Baan seit dat we al in pear jier dwaande binne om in rampenplan te meitsjen. It muoit him dat it noch net safier kommen is. Hy tinkt dat de sitewaasje benammen om Grou hinne wol sadanich is dat dat plan der al lang wêze moatten hie. Hy hopet dat it no mei foarrang ta stân komme kin. Hy tinkt dat it nedich is dat ek de befolking wit hokfoar sinsjalen der by rampen jûn wurde en wat se dwaan moatte. De hear Veldstra kin akkoart gean mei it nije ûtstel fan it kolleezje De hear S. Bouma wol ek graach omtinken freegje foar it ram penplan It is wol beskamsum dat it lang duorret ear't it plan der is fral sjoen de ynfrastruktuur om Grou hinne. Mefrou Santema attendearret derop dat Boarnsterhim net allinne Grou is. De hear Breeuwsma seit dat der twa plannen komme moatte: in Rampenplan en in Rampenbestridingsplan. Hy stelt út dy beide mar tagelyk op te pakken. De voorzitter zegt dat het duidelijk is dat de raad van mening is dat het Rampenplan met voorrang aandacht verdient. Het college zal dat ook doen. Hij stelt voor in één van de eerstvolgende le afdelingsvergaderin gen duidelijkheid te verschaffen over de procedure en de tijd die daarmee gemoeid is. Nummer 18. De hear Van der Baan seit dat hy net sa waarm rint foar dizze groep omt dizze groep gjin gefoel opbringe kin foar it Fryske folk en de Fryske taal. NOTRAAD.NOV/S2POIZEH

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 22