- 5 - De finânsjes binne yndied op dit stuit ûndúdlik. Der wurdt yn dit útstel gjin finansjele lést fan'e boargers frege it giet om it ôfsluten fan it konvenant. Letter sil besjoen wurde mei hokfoar finansjele middels de sosjale fernijing stipe wurde kin. Yn'e romte dy't der is yn it ramt fan it net brûkte diel bysun- dere bystân oer 1991 binne der mooglikheden om dêr takommend jier wat mei te dwaan yn'e sosjale fernijing. Dat kin sawol perso nele stipe op projektbasis wêze mar ek it wurkbudzjet. Unôfhinklike, projektmjittige, professionele stipe is in betingst foar it goed wurkjen oan'e doelstellings fan'e sosjale fernijing. It giet om in sadanich oare wurkwize dêr't én de gemeente én de ynstelling noch in protte fan leare moatten. Dêrom is eksterne stipe nedich. Se kin tasizze dat foar safier handikapten yn organisearre ferbân oan te skriuwen binne sy in útnoeging krije sille. De ferantwurding oangeande sosjale fernijing sil op in wat oare wize barre, de gemeente hat wat mear frijheid om jilden dy't it iene jier net brûkt binne troch te skowen nei it folgjende jier. It is gjin fetpot wat it Ryk bydraacht mar lykwols hat it kol- leezje sein de gedachte achter de sosjale fernijjing sa wichtich te finen om dit te begjinnen. It is perfoast net de bedoeling om foarby te gean oan alle net- wurken dy't no al yn ús gemeente wurkje, dêr moat krekt gebrûk fan makke wurde. Mevrouw Van den Berg zegt dat nog niet eens bekend is wat er in het kader van de bijzondere bijstand uitgekeerd moet worden en wie ervoor in aanmerking komen. Dus kan de grootte van het overschot ook niet bekend zijn. Het probleem blijft dat het financieel onduidelijk is. In het be stuursplan of in de begroting is er geen rekening mee gehouden. Het personeelslid dat voor de sociale vernieuwing wordt aangetrok ken zal hoe dan ook betaald moeten worden. Zij stelt voor dat de passage waarin gesproken wordt over onaf hankelijke, onontbeerlijke professionele ondersteuning van buiten geschrapt wordt. Mefrou Santema kin mei it útstel fan mefrou Van den Berg yns- timme Sjoch earst yn it eigen ambtlik apparaat. Docht bliken dat jo dêr net telâne kinne lûk dan op tydlike projektbasis immen oan. It giet har te fier dat it lytse bytsje jild dat der is brûkt wurdt foar professionele stipe. Mefrou Veldstra soe it ek tige spitich fine as alle jildmiddels opgeane oan professionele stipe. Sy fynt ek dat earst yn eigen hûs sjoen wurde moat. Tagelyk freget sy har óf oft der yn eigen hûs wol immen te finen is omt de ófdieling der't it om giet ûnderbeset is. Se is wol nijsgjirrich nei wat de oare partijen der fan fine dat de handikapten yn'e sosjale fernijing opnommen wurde. Mefrou De Boer seit dat op'e ynspraakjûnen frege is om in ûnôf- hinklik persoan fral omt de gemeente dochs foar in protte misken in beladen namme hat. NOTRAAD.NOV/S2POIZEH

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 25