- 7 - 5. Voorstel tot het wijzigen van straatnaamgrenzen "Aldfeartswei" en "Sylsterhoeke" te Raerd. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 6. Aanbieding gemeentebegroting en bedrijfsbegrotingen dienstjaar 1992 (geen voorstel). 7. Voorstel tot bijstelling van de gemeentebegroting 1991 (najaars nota) Hierbij wordt betrokken het aanvullende voorstel tot bijstelling van de gemeentebegroting 1991 De hear Veldstra hat in fraach oer it oanfoljende útstel. Is it mooglik it bedrach fan it lytsere tekoart (f. 132.515,--) werom te jaan oan'e boargers. De hear Breeuwsma seit dat der yn dizze frij neutrale neijiers- nota de kapitaalslêsten it ferskil útmeitsje. Dat ferskil bestiet yn haadsaak út it ferskil yn'e wurklike (7%) en 'e wettige rinte (9%). It is in legaal middel om oan finansieringsmiddels te kommen. Hy fynt it wol sa insidenteel en diskutabel dat wie it net better west dat mar ta te foegjen. Der binne de lesten oangeande de rânewei Jirnsum en jilden dy't binnenkaam binne fan ferkeapen mar wêrfan noch net dúdlik is hoe't de ferrekkening der útsjocht. Salang 't der net mear fan bekind is liket it him net goed de kredieten te ferheegjen ten koste fan't kapitaal. Hy hat der muoite mei om sa te finansieren. Lit it mar wat neutraal bliuwe omt it mear neutraal is dan dat der sichtbere ferskillen binne. Hy fynt it in wonderlike gong fan saken hoe't it mei it oanfol jende útstel gien is. It rint op't lést fan it jier en faaks is der dan troch ferskate oarsaken (tink oan bygelyks omwaaide beammen ensafuorthinne) noch wol jild nedich. Hy hat net in advys fan'e ôfdieling Finânsjes sjoen allinne mar in brief fan'e direkteur Iepenbiere Wurken. In frjemde gong fan saken fynt hy dat wol en eins wol hy leaver oan dit oanfoljende útstel foarby gean. Mefrou Veldstra freget oft de list fan'e kosten dy't tsjinfalle no kompleet is. Fan it begruttingsoerskot is ferline jier bes- luten in promoasjefilm fan Boarnsterhim te meitsjen. Hat de film foldien oan'e doelstelling en wie it budzjet foldwaande. De reinigingstsjinst stiet swier ûnder druk troch de priisûntwik- keling en de taname fan it ôffal. Hoe kin der dan samar in mei- faller ûntstean. Eins soe it oanfoljende útstel earst yn'e ôfdieling behannele wurde moatte. Mefrou Santema is it der mei iens dat it oanfoljende útstel earst yn'e 2e ôfdieling behannele wurdt. Mei it gewoane útstel giet sy akkoart N0TRAAD.N0V/S2P0IZEH

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 27