- 11 - Mear betsjutting hat it net. It is spitich dat én de ôfdielings- leden én de organisearre lânbou gjin rapport krigen hat. As dit plan ta útfiering komme sil kostet it in soad jild. Hy seit dat syn fraksje oan 'e útfiering net in hege prioriteit takind De hear B reeuw smhat der beswier tsjin dat faak mei dit soarte dingen begûn wurdt sûnder dat men foldwaande oerlis hân hat en goed wit wat der hjoeddedei omgiet. Yn dit plan komt bygelyks net foar it léste skriuwen fan'e pro- vinsje oer de ynfolling fan de saneamde blauwe sône. It giet dan om it gebiet tusken Ljouwert, Burgum, Drachten en Akkrum. Dit is lykwols fan essensjeel belang. Foar ús gemeente giet it om De Alde Feanen, Garyp-Warten en it Burd-Swettegebiet. Der leit ek in ekologyske ferbiningssône fan De Alde Feanen nei de Deelen ta. It is dan ek terjochte dat it Lânbouskip hjir oer skriuwt. Hy hat ek beswier tsjin'e kaart dy't by it plan heart. Dér steane pylken op oer ús hiele gebiet en der is kop noch sturt oan fêst te binen. Men hat net it swiertepunt oangeande de ekologyske ferbinings- sône ûndersocht. By lânynrjochting is de routing al frij dúdlik, freegje dy mar ris op. It Lânskipsbeliedsplan is seker net aksep- tabel foar de boeren dy't yn dat gebiet wenje. Der ûntstiet troch dit plan allegear ûnrêst. Hy fynt dat der earst oerlis komme moat mei alle ynstânsjes dy't te krijen hawwe mei it gebiet Midden-Fryslân. Betink net allegear wylde plannen want dan bard der aanst itselde mei as mei de Burd en Terherne. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje wol ynnommen is mei it Lânskipsbeliedsplan op himsels. Hy is mei it C.D.A. fan miening dat de wize wêrop dit plan nei bûten brocht is nei de handichste wie. It is hiel begryplik dat de lânbou-organisaasjes witte wolle hoe't sy by de plannen belutsen wurde sille en hoe't sy ynfloed útoefenje kinne. Syn fraksje hat by dit plan wat oanbefellings dien. Tenearsten dat der ris sjoen wurdt nei de mooglikheden om fruitbeammen te plantsjen op'e boerehiemen. By de fytspaden lâns soene lege hees' ters poer geskikt wêze op keale einen dyk. Komt dit no aanst yn it plan te stean? De hear Reniahat begrepen dat it net giet om'e oer-de-kop- skuorderij dêr't de hear Breeuwsma oer praat, mar om lânskips- eleminten It bliuwt fansels in goede saak om dér mei de lânbou-organisaas- jes oer te praten al wie it allinne mar om allegear ûnrêst foar te kommen. It opstellen fan dit Lânboubeliedsplan is neffens syn fraksje in goede saak. Syn soarch giet foaral út nei it jild wat derby moat om it plan út te fieren. As dit plan akseptearre wurdt jildt dat dan net tagelyk de útfiering ynklusyf it jild wat dêrmei muoit is? En as we it net akseptearje krije we de subsydzje net. We sitte dus mei twa skonken yn ien hoas. Syn fraksje giet akkoart mei de útfiering fan it Lânskipsbeliedsp- lan mar wol net op foarhân it jild der al byleverje. Wethouder Aukesegt dat de vragen en opmerkingen die gemaakt zijn betrekking hebben op zowel de inhoud als de procedure. NOTRAAD.NOV/S2POIZEH

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 31