- 6 -
It kolleezje komt no mei it útstel de oanlis fan'e atletykbaan
te besjen yn it ramt fan it bestoersplan en dat liket him wol in
goede saak omt der fansels in hiele soad winsken binne. Mar, no
komt it probleem om'e hoeke of soks wol sa kin want syn fraksje
hat heard dat de oannimmer kontraktueel foar 1 maaie los moat.
Syn fraksje wol wol de garânsje fan it kolleezje dat we net
troch ien as oare kontraktuele ferplichting fan de oannimmer de
wurk mei wurksitewaasje misrinne.
De hear SBouma seit dat syn fraksje him fine kin yn itjinge it
kolleezje as kommintaar op it F.N.P.-ütstel jout.
Wethâlder Nieuwdam seit dat tige wichtich is wannear wat barre
moat. Syn ynformaasje is dat de wurk mei wurksitewaasje pas
spilet yn septimber/oktober. Dêrom kin dit noch rêstich yn it
ramt fan it bestjoersplan besjoen wurde. Yn 1989 is der in
diskusje west oer de fjilden oan'e Nesserdyk. Der is doe ek
besocht om fia de mearjierrenbegrutting jild frij te meitsjen
foar de atletykbaan. Dat is doe net slagge. De yntinsjes binne
útsprutsen, mar der is gjin jild bylein. Ek it kolleezje hat in
protte wurdearring foar de kommisje dy't op sa'n goede wize
tidich op'e saken ynspilet. It kolleezje wol dus de oanlis fan'e
atletykbaan bes jen yn it ramt fan it bestjoersplan en net samar
de pot fan Yn'e Lij te dêrfoar oansprekke.
De hear Van der Baan seit dat hy bliid is mei de réaksjes út'e
ried wei, want dêr docht wol út bliken dat men wol dat de at
letykbaan der komt. Hy fynt it net terjochte te wachtsjen mei it
beslút oant it bestjoersplan omt dizze atletykbaan mar ien kear
oanlein wurde kin foar dit bedrach. Dizze unike kâns moat net
foarby gien litten wurde. Hy sjocht it leafst dat it kolleezje
yn april mei in útstel yn'e ried komt sadat der yn maaie begûn
wurde kin.
Wethâlder Nieuwdam seit dat de wurk mei wurksitewaasje krekt yn
oktober spilet, dêrom is it mooglik de saak yn it ramt fan it
bestjoersplan te behandeljen. Hy seit de ried ta dat as de
moanne oktober yn gefaar komt en de saak nei foaren helle wurdt
dan komt it kolleezje direkt yn aksje.
De hear Renia seit dat hy mei dy útspraak fan'e wethâlder
akkoart giet.
De voorzitter stelt voor de mededelingen voor kennisgeving aan
te nemen met inachtneming van hetgene van de zijde van het colle
ge daaraan is toegevoegd.
Zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel van het
college besloten.
4. Voorstel tot vaststellen van straatnamen in Poppenwier.
Mefrou Santema komplimintearret it kolleezje mei dizze riedsstik-
ken. It wie in nocht om dy te lézen. Fral as jo dan léze dat it
ferslach fan'e foarige gearkomste hast hielendal yn it Frysk
skreaun is.
As in plak as Poppenwier om strjittenammen freget en der moat in
Geakundekommisje oer gear dan is it dochs wol frjemd dat de
útlis yn it Nederlânsk steld is. Se fynt it hiel fanselssprek-
kend dat ditsoarte útstellen yn it Frysk skreaun wurde soene.
NOTULEN.MRT/H/6