- 15 - Wethâlder Nieuwdam seit dat der al wol wat dien is oan'e bel- iedsútgongspunten oangeande it ûnderhâld fan sportakkommodaas- jes. Hy tinkt dêrby oan'e tennisbanen, dy't op ien nei allegear yn ûnderhâld binne by de ferienings. Hoe't dit fierder gean moat sil diel útmeitsje fan'e diskusje by it bestjoersplan. It ûndersyk nei de ferskate aspekten oangeande it ûnderhâld is om fêst te stellen wat de effekten binne foar wa dan ek. De sportstichting hat al in ûndersyk dien, mar it is ek dúdlik de ferantwurdlikheid fan'e gemeente om aanst op grûn fan goede gege vens in beslút nimme te kinnen. It ûndersyk sil ynhâlde in ûndersyk nei de boaiemgesteldheid, der sil neigien wurde wat it program fan easken is en it sil in beoardieling fan'e behearskos- ten ynhâlde. Der sil goed oerlis mei de sportstichting wêze. Foar it besteegjen fan jilden út Yn'e Lij te hat it kolleezje be paalde útgongspunten. As de ried fynt dat dy útgongspunten feroarje moatte dan moat dêr oer praten wurde. It punt fan: no of nea leit net yn dizze gearkomste mar yn'e gearkomste fan ein juny of begjin july as alle gegevens beskikber binne. Hy tinkt dat der hiel soarchfâldich nei in beslút tawurke wurdt en hy soe net graach wolle dat der jûn al in beslút nommen wurdt oer it al as net oanlizzen fan in atletykbaan sûnder dat de kondysjes dêrfoar oanwêzich binne. Der is gjin relaasje tusken sport- foarsjennings en it grûnbedriuw en it liket him net goed de grûn út it grûnbedriuw oan te keapjen. Oer hoe't de grûn oankocht wurde moat sil ek ein juny in beslút nommen wurde moatte. It kolleezje sil noch mei de Sportried yn petear. It is in gege ven dat der op dit stuit net in sportnota is, mar hy wol ek net safier gean om ta te sizzen dat dy der oer twa moannen wol is. De kosten fan it ûndersyk sille maksimaal f. 30.000,00 bedrage. Mooglik kin it foar in leger bedrach. De dekking wurdt fûn yn it fûns sportfoarsjennings Meinga. De hear Breeuwsma fynt dat as de wethâlder sa ûndúdlik bliuwt en gjin dekking oanjaan wol hy ek it rjocht net hat om oer de oankeap te ûnderhanneljen, omt der dan sprake is fan in hiel ûnsekere basis. De hear SBouma seit dat syn fraksje de yntinsje fan it útstel wol mei it kolleezje diele kin. De hear Van der Baan fynt it o sa teloarstellend wêr't it kol leezje no mei kont. Hy bliuwt derby dat hy it in frjemde saak fynt om f. 30.000,00 út te lûken foar in ûndersyk. Benammen ek omt der fia de atletykuny hiele goede advyzen te krijen binne. Hy hâldt de bittere smaak dat as it sa giet as no útsteld wurdt der neat telâne komme sil fan in atletykbaan. Syn fraksje fielt der neat foar om f 30.000,00 út te lûken foar in ündersyk omt hy tinkt dat der in folie bettere wize is. Wat de rest fan it útstel oanbelanget: it is net oars. Spiticht dat it sa gongen is en dat it kolleezje net dúdliker en helderder wêze wol. De hear Renia seit dat yn'e ôfdieling ferteld is dat de oanlis fan in toplaach f. 230.000,00 kostet. De atletykferiening sil dat net betelje kinne. As de gemeente it seis dwaan sil kostet de atletykbaan al gau 4,5 ton. Dat feit moat ôfwûgen wurde tsjin oare sportfoarsjennings oer. Dy beide ynfalshoeken hawwe der ta laad dat syn fraksje wol dat alles nochris goed op sifers setten wurdt. As de atletykuny it goedkeaper dwaan kin moat dat fansels altiten wêze. N0T.APR/H/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 18