- 5 - 6. Voorstel tot aanpassing van diverse ramingen op de gemeentebegro ting voor 1992 (voorjaarsnota). De hear Van der Baan seit dat syn fraksje dit üstel net as maitiidsnota besjocht. It ústel hat neat fan in maitiidsnota. It hâldt gjin bystelling fan belied yn, mar allinne mar in bystel ling fan begruttingssifers. Ynhâldlike saken kin dus ek net op reagearre wurde. It iennichste wat him fan it hert moat is dat it tige spitich is dat de reserves foar de sosjale fernijing opbrûkt wurde. Syn fraksje fynt dat it kolleezje sa gau mooglik komme moat mei it bestjoersplan omt der no noch gjin sprake is fan stjoerend belied sa't wy dat sa graach sjen wolle yn üs ge meente Mefrou Santema tinkt dat dit útstel mear in bystelling fan de begrutting is dan in maitiidsnota. By it lézen fan it ütstel sakje by har de moedfearren. Wat kin jo eins dwaan as riedslid as der hyltiten wer tsjinfallers komme dy't gruttendiels troch it ryk feroarsake wurde. It fait har ferskriklik óf dat de personielskosten sa heech binne. Se soe graach witte wolle hoefier it mei de reorganisaasje is sadat de personielskosten better "yn'e stringen" hélden wurde kinne. En oars moat de ried it mar binnen de stringen hélde. Se fynt it hiel wichtich dat it bestjoersplan der komt en dat dér jild foar apart setten wurdt. Mefrou De Boer seit dat har fraksje skrokken is fan'e grutte ferskillen tusken de sifers fan'e begrutting en wat it no blykt te wêzen. Op himsels is it wol goed dat de ried no al op'e hichte is fan it bedrach dat we tekoart komme. Foar safier sy it besjen kin binne it allegear oanpassingen dêr't net oan te ûntkommen fait en har fraksje kin it dan ek wol mei it ütstel iens wêze, al hie sy ek leaver it jild hélden foar it best joersplan. Sy trunet der wol op oan dat de ófdielingen dy't de sifers foar de nije begrutting lever je moatte der goed nei sjogge wat der foar 1993 te ferwachtsjen is. Mevrouw Van den Berg vindt, net als de andere sprekers dat er sprake is van een aanpassing van de ramingen op de begroting 1992. Het woord voorjaarsnota tussen haakjes en geen bijstelling van de meerjarenraming, dat is een trieste omschrijving van dit voorstel en duidelijk anders dan voorgaande jaren. Is de begro ting ons de rooskleurig voorgesteld? Haar fractie constateert dat de financiële positie van de gemeente slecht is. We hebben jaren gekend dat we er weer een beetje bovenop krabbelden, maar nu blijkt dat we opnieuw op een hellend vlak zitten. Nu al een tekort van 6 ton en het jaar is nog lang niet om. Het betekent dat er geen geld meer is voor nieuw beleid, voor het bestuurs plan. Alleen al om de begroting sluitend te krijgen zullen er taken afgestoten moeten worden en beleid omgebogen. Daar is poli tieke moed voor nodig en een besluitvaardig college. Of kunnen de burgers straks een belastingverhoging tegemoet zien. Zij vraagt of de bijgestelde meerjarenraming, die nu mist de volgen de raadsvergadering op tafel komt. Het is haar opgevallen dat er een verlaging van de LONDO-uitkering wordt gemeld van f 220.000,00. Geldt dat ook voor dit jaar? Wethélder Bloem seit dat it kolleezje keazen hat foar de oanpas- sing fan'e ramingen yn ferbén mei it opsetten fan it bestjoersp lan, dêr't de kar makke wurde moat dy't nedich is om foarüt te kinnen. N0T.ME1/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 8