- 2 - Op grún fan kêst 108, lid 9, f erf alle alle prosedueres en besluten oangeande it ynstânhâlden, wannear't: a. it oantal learlingen op 1 okotber 1992 gelyk is oan, of mear is as de wetlik opdûkingsnoarm; b. mear is as 29 yn gemeenten mei minder as 25.000 ynwenners en bin nen in ôfstân fan 3 kilometer (himelsbreed) fan de skoalle gjin oare iepenbiere basisskoalle oanwêzich is (foar "It Kampke" fan tapassing) Mei dy bepaling is fersekere, dat de "Deetmanskoallen" mei wetlike beskerming yn stân bliuwe. Gearfetsjend stelle wy jimme út om te besluten de iepenbiere basis skoalle "It Kampke" yn Terheme yn stân te hâlden. It oanbe lang jende ûntwerp-riedsbeslút leit by de riedsstikken foar jimme op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim. de siktaris, de loko-boargemaster. mefrou A.M.E. van der Sluijs. mefrou A.I.Bloem. DMVRISH.OBS/OW/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 123