wc^v./L /o-ót - 13 - As de kwaliteit en ynset net brükt wurde foar it mienskipsbelang mar foar it óffangen fan miggen en it sykjen nei negative kanten oan in saak, dan neam ik dat energieverspilling en politieke miljeufersmoarging Beide ferskynsels dogge har wolris foar binnen dizze Rie. Ik ha lykwols hoop en ferwachting dat dizze ûntjouwing ombügd wurdt, benammen om't it omgean mei inoar büten de Rie wol better wurdt. It nije bestjoersplan foarmet in prima gelegenheid om ek yn'e Rie te kommen ta in mear konstruktive opstelling. As wy der no fanút gean dat de útslach fan de ferkiezings foar de Rie foar fierwei it grutste part bepaald wurdt troch de lannelike politike sitewaasje fan dat momint, dan kinne alle politike partijen mei it gemeente-belang foar eagen, de by alle fraksjes oanwêzige kwaliteit en ynset brûke wêrfoar it best joersplan skreaun is: de ynwenners fan de gemeente Boarnsterhim! De koarte termyn belangen kinnen dan plak meitsje foar it reali- searjen fan de oerienkommen doelen. De kolleezje-partijen ha dêrfoar al de romte kreëerd troch de hiele proseduere en bes- lütfoarming tegearre mei de oare partijen te organisearjen Ek binnen it amtlik apparaat moat de mienskiplike fonk liede kin ne ta, sa as it bestjoersplan it neamt: "nieuw elan". It soe dochs te gek wêze dat in kwalitatyf sa goede groep froulju en mânlju as team net optimaal funktioneare kinne soe. Fansels spilet de ûndúdlikens oangeande de beliedsdoelen hjirby in grutte rol. Hawar, oan dy betingst wurdt troch it bestjoersplan foldien. Foar sawol amtners as bestjoerders (en eins foar eltsenien) bliuwt dan allinne noch oer myn biedwurd sa't ik dat ik binnen it spesjaal ünderwiis hieltyd werhelje: jo moatte net yn'e moeilikheden stykjen bliuwe! Buit de mooglikheden út sa't elts minske en eltse sitewaasje dy yn him hat. Ik winskje eltsenien dy't by de gemeente Boarnsterhim belutsen is, in protte krêft by it krewearjen om alles út de eigen moog likheden te heljen en fansels út dy fan ús gemeente Boarnsterhim! Ta beslút wol ik eltsenien wêrmei't ik yn'e ofrüne 14 jier gearwurke ha tige tank sizze foar de wize wêrop dat bard is. De foarsitter slút om 21.30 oere ünder tanksizzing foar de bydrage oan de diskusje en de beslútfoarming de gearkomste. Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van 29 september 1992, de secretaris, de voorzitter, (mevr. A.M.E. van der Sluijs) (mevr. A.I. Bloem) N0TU1.SEP/H/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 30