- 8 -
De hear Renia seit dat net ien it belang fan in pjutteboar
tersplak yn twifel lükt.
Mar as it pjutteboartersplak bûten üs gemeente komt te lizzen is
it fansels logysk dat it bedrach dat foar in pjutteboartersplak
yn üs gemeente ütlutsen wie weromlutsen wurdt. Wat noch wol
nijsgjirrich is dat men it âlde ûnderkommen wer yn de oarspronk-
like steat werombringe moat. Dêr wol hy wol fan witte hoe't dat
sit.
Wethâlder Nieuwdam seit dat terjochte sein is dat Sibrandabuor-
ren op alle manieren besocht hat om in oare húsfêsting foar it
pjutteboartersplak te finen. Dat is ek breanedich. Yn dat ferbân
is yndertiid ek oerlis west mei de kommisje "Lytse Kearnen",
dy't f 10.000,00 beskikber steld hat foar nije hüsfesting yn
Sibrandabuorren. It is ek terjochte dat no der oer in oare
sitewaasje praat wurdt it jild fan'e kommisje Lytse Kearnen
dêr net foar brûkt wurdt. It pjutteboartersplak sil noch in part
fan 1993 yn Sibrandabuorren bliuwe. Yn'e subsydzjetakinning foar
1993 wurdt dat ek meinommen. Yn Wymbritseradiel wurdt ek oer
1993 subsydzje takind. Yn'e petearen is ek praten oer kosten fan
it ferhûzjen. Dy kosten kinne splitst wurde yn kosten dy't te
meitsjen hawwe mei it âlde ûnderkommen en oare kosten.
Sa eksplisyt is dêr noch net oer praten en hy sil neigean wat
dêroer yn'e kontrakten stiet. Hy tinkt net dat foar ynvestear-
rings yn Gau jild jûn wurde moat. Hy tinkt dat it goed is dat
büten de f 10.000,00 Sibrandabuorren komt mei in begrutting fan
alle fasetten fan de ferhüzing sawol wat Boarnsterhim as wat
Wymbritseradiel oanbelanget. Dan kin der praten wurde oer it
part dat slacht op Boarnsterhim.
De hear Bouma moat begripe dat der gjin tasizzings dien binne.
Yn it brief fan it bestjoer fan it pjutteboartersplak stiet wat
oars. It liket him goed yn de kommisje dêr nochris op werom te
kommen
Mevrouw Van den Berg zegt dat de wethouder er wel van spreekt
dat de peuterspeelzaal broodnodig is maar het beleid dat hij
voert lijkt meer op een afschuifsysteem naar Wymbritseradiel en
het onderstreept niet zijn woorden. Haar fractie blijft van me
ning dat in Sibrandabuorren alles is geprobeerd en dat de gemeen
te daar tot nu toe niets tegenover heeft gesteld. Zij vindt dan
ook dat de aanvraag om f 3600,00 gehonoreerd moet worden. Het
betreft kinderen uit onze gemeente waar de gemeente ook mee ver
antwoordelijk voor is. Ze hoopt dat de wethouder goed doordron
gen is van dat belang.
De hear Van der Baan seit dat it der om giet hoe hurd de tasiz-
zing fan'e wethâlder is. De kosten dy't fuortfloeie út it feit
dat de pjutten yn Boarnsterhim nei it pjutteboartersplak geane
moatte ferrekkene wurde. Foar it oare kin hy him wol fine yn it
útstel
De hear Renia fynt de opmerking oer dat it no in ôfskosysteem
wurdt net terjochte. It is in hiele normale saak dat lytse
doarpen oan wjerskanten fan in gemeentegrins elkoar fine. As it
yn 1993 op in fatsoenlike manier ôfhannele wurdt stiet syn
fraksje achter it útstel.
NOT29SEP.AH/H/8