- 5 - Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 9Voorstel tot voorlopige vaststelling van de rekening 1991 van sporthalzwembad "De Twine" te Grou. De hear Van der Baan docht de suggestje om de ynkomsten te ferheegjen troch bygelyks reklame op it dak fan'e sporthal oan te bringen. Mefrou Santerna hat de suggestje fia "prippertjes" yn'e krante De Twine ûnder de oandacht fan'e minsken te bringen. Se tinkt dan oan in Railrunner sa as sy ek alris yn'e ôfdieling sein hat. Mefrou De Boer seit dat de rekken üteinlik net tafallen is. Se freget wannear't it plan komt oer de eksploitaasje en de behears- foarm fan swimbad/sporthal De Twine. WethâLder Nieuwdam seit dat de opmerkingen oer reklame meitsjen hiel serieus meinommen wurde sille as der praten wurdt oer de eksploitaasje fan De Twine. Wat de rekken oanbelanget is yndied it tekoart boppe de f 360.000,00 ütkommen mar dêr binne wol ferklerbere oarsaken foar. It tydlike personiel is terjochte yn in hegere leanskaal kommen en der is achterstallich ünregelmjit- tiichheidstaslach útbetelle. It kolleezje wol yn'e riedsgearkomste fan 27 oktober komme mei in ütstel oangeande de eksploitaasje fan De Twine. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 10Voorstel tot voorlopige vaststelling van de gemeenterekening over 1991. Mefrou Santema komplimentearret de amtners mei it feit dat de jierrekken no al klear is. Har fraksje fynt it spitich dat OWRO, benammen wat it iepenbier grien en de sportfjilden oanbelanget sa'n ein boppe de begrutting gien is. De hear Van der Baan kin mei nocht fêststelle dat der dit jier jild oerhâlden is. Oan bystân/R.O.A. is f 107.500,00 minder útjûn. Hy freget oft dat bedrach frij te besteegjen is. Syn fraksje soe it dan wol brûke wolle foar oare maatskiplike bystân, lykas in temjittekomming yn'e kosten fan sportferienings ensafuorthinne. No't yn'e krante te lézen stie dat 40% fan alle minima alle moannen tekoart komt kin hy him net foarstelle dat sa'n bedrach samar yn'e algemiene reserve treaun wurdt. Mefrou De Boer is it iens mei it komplimint fan mefrou Santema. De rekken wykt mar 1% óf fan'e begrutting. Eins moatte we der ek op ta dat der nei sjoen wurdt wat we in bepaald jier wolle, wêrom as we dat wolle, dan kin der by de rekken nei sjoen wurde wat der dien is, hoe't it dien is, wêr't it misgien is en wêr't bysteld wurde moat. Der soe tocht wurden kinne oan it saneamde kont raktmanagement De foarsitter seit dat it kolleezje de kompliminten ûnderskriuwe kin. Trochdat de rekken der no al leit kin der ek gebrûk fan mak ke wurde by it opstellen fan'e begrutting. Suggestjes oer de ynterne kontróle wurde meinommen. NOT29SEP.AH/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 7