- 27 - De foars itter nimt kennis fan de reaksje oer de kultuernota. De achtergrún fan de nûmering fan'e reaksjes is foaral in prak- tyske Bladzijde 3: De hear Van derBaan fynt dat de gemeente earst seis in fisy üntwikkelje moat. Ut dy fisy wei moat der in plan makke wurde. As dat plan fêststeld is kin der mooglik wizigings yn oanbrocht wurde op fersyk fan andernimmersNo wurdt it meitsjen fan in fisy iensidich oan'e projektûntwikkelders oerlitten. Yn'e Lijte soe üs wat leare moatte en ek it tige fage bestimmingsplan yn Terherne dat gjin düdlikheid nei de ynwenners ta jout. De foars itter seit dat it it kolleezje goed liket oan'e iene kant nei te gean wêr't ien en oar keppele wurde kin. De gemeente hat oan'e oare kant ek alle middels om de rjochten en plichten fan wjerskanten of te freedzjen. De hear Van der Baan seit dat yn Terherne foar it plak wêr't de projektúntwikkelder aanst úteinsette sil neat fêstlein is. Wy rinne dus altiten achter de plannen oan en jowe it ynisjatyf út hannen. De foarsitter tinkt der oars oer. Op in oar momint kin der noch wolris oer praten wurde hoe detaillearre plannen wêze moatte soene Bladzijde 4: De hear Veldstra trunet der op oan in aktivere rol yn de ferfier- sregio Fryslân te spyljen. De ûnderfinings mei it ferfiersprojekt moatte goed yn'e gaten hélden wurde. Mooglik kin dêr yn de takomst wat mei dien wurde. Mefrou Santema wol graach dat der ek bestekplannen foar de fytspaden klearmakke wurde. De foarsitter hopet dat der binnen de ferfiersregio no genôch ûnderfining opdien is om te witten wat jo dêr fan ferwachtsje kinne. Se wol wol tasizze dat binnen de beheiningen dy't der binne it kolleezje sa aktyf mooglik wêze sil. It ferfiersprojekt sil goed folge wurde moatte om nei te gean oft it ek foar oare aktiviteiten fan belang wêze kin al is it in "besloten club" en gjin iepenbier ferfier. It kolleezje wol der ek op ta gau mear düdlikheid te krijen oer hokfoar fytspaden it earst oanpakt wurde sille. De hear Van der Baan seit dat yn it bestjoersplan stiet dat "het volkshuisvestingsplan zal worden afgestemd op de keuzen die in dit bestuursplan worden gemaakt". Is dit in ütgongspunt fan it kolleezje? Syn fraksje fielt neat foar de kategorale yndieling fan'e doarpen. It kolleezje giet der dus op foarhân al fan út dat der yn'e lytse doarpen neat mear barre mei. Plannen yn lytse doarpen moatte kostendekkend wêze. By de grutte doarpen wurdt dêr net oer praat. NOTlONOV/RAAO/27

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 29