- 55 - Dit bestjoersplan ademt de geast fan'e kar foar de eigen ynwen- ners. Ek foar it yn stân hâlden fan it sa rom sprate gehiel oan foarsjennings dat der yn Boarnsterhim is. Dat dat wat kostje moat is düdlik. Wa't tinkt dat it oars kin moat it mar oanjaan. Hy moat lykwols net komme mei in plantsje dat ien jier oereinbliuwt en dan wêr fuort is omt it net yn in grut gehiel opnommen is. Syn fraksje giet akkoart mei it best joersplan mei dêrby de opmerkings en it turflistke dy't hy mak ke hat by de algemiene skôgings en de opmerkings en tasizzings dy't dien binne by de behanneling fan'e reaksjenota. As al dy saken dien wurde sa't se tasein binne tinkt syn fraksje dat mei dit bestjoersplan in goede wei ynslein is foar al üs ynwenners en foar alle doarpen. De foarsitter seit dat it it kolleezje tige spyt dat de ried it oer dit wichtige ûnderwurp net iens wurde kin. Oer de útstellen fan it C.D.A. en de F.N.P. is ferline wike wiidweidich diskussiearre, dat wol sy net noch ris oereidzje. It is fansels net sa dat oer de útstellen fan it kolleezje net goed neitocht is. Dat it in drege diskusje wie en dat dit in dreech beslüt is is düdlik. Mar dat is it krekt omt it kolleezje al- legear foarsjennings oereinhâlde wol. Se fernuvert har dan ek oer de opmerking fan de hear Van der Baan dy't him ôffrege wat it ferhaal nei de takomst ta krekt ynhâldt. De hiele diskusje gong krekt oer de ünienichheid oer in strukturele oplossing foar de takomst. De reserves wurde opheven om dêrmei ienmalige saken te dwaan. It koleezje wol mei dit bestjoersplan de grutte linen ütsette en dêrnei oan'e ütwurking begjinne. De hear Breeuwsma seit dat it C.D.A. düdlik in miening hat wêrom hy tsjin is. As der finansjeel wat barre moat moat dat net troch it opheffen fan reserves mar moat der taakstellend oan it wurk gien wurde. Arbeidskosten ynkoartsje, kapitaalslesten fermin- derje en belestings ferheegje, dat binne de mooglikheden fan de gemeente. No binne de reserves opheven en der binne lytse bedra gen socht by groepen dêr't se maklik te finen binne. Syn fraksje stiet dêr net achter. Hy tinkt dat it kolleezje it ütstel fan syn fraksje ünder oaren net oernimme woe omt oan de reorganisaa- sje al tri je jier wurke wurdt mar dy't noch hyltiten net klear is. Hy sjocht dochs yn de lytse doarpen de leefberheid achter- ütgean. Troch it opheffen fan de reserves is it ek net mooglik in sluten- de mearjierrenbegrutting te krijen. Der is gjin goede basis om it finansjeel belied goed op in rige te krijen. Dêr is yndied moed foar nedich en der sil taakstellend hiel wat barre moatte. Hy hat de yndruk dat it kolleezje de koal en de geit sparje wol. Mefrou Santema seit dat der krekt moed foar nedich is om yn diz- ze tiid fan besunigingen in bestjoersplan oan te nimmen en der tagelyk in begrutting neist te lizzen. Yn oare gemeenten moat ek besunige wurde, mar dêr stiet foar de boarger neat tsjinoer. De hear Van der Baan is it mei de hear Breeuwsma iens dat it üntbrekt oan in fisy op lange termyn. Foar in oplossing op lange termyn sil taakstellende besunigingen needsaaklik wêze. Bart dat net dan rinne jo yn'e takomst wêr fêst. NOTlONOV/RAAD/55

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 57