- 2 - 3Speech loco - burgemeester. Mefrou Bloem seit: Boargemaster Dijkstra, fijn dat jo hjir binne. Wolkom. In boargemastersbeneaming is yn in gemeente altyd in spannende oangelegenheid. Ferskate minsken probearje te fiskjen nei nammen, sels by dy minsken dy't nearne fan witte kinne, as it goed is. En myn stellige yndruk is dat it goed gongen is, der hat in goe de soarchfaldige proseduere west, eat wat alle belutsenen ten goede komt, gjin lekkaazjes. Ik bin dêr grutsk op en wol de kommisje graach myn kompliminten j aan Yn in boargemasterleas tiidrek komme der nammentlik dochs wol ferskate fragen op. Wa sil takommende tiid mei it gesicht fan üs gemeente bepale, wurdt it in echte bestjoerder, wurdt it in sakenman, in politikus, in manager, en dan hokfoar manager. Hokfoar tüzenpoat sil der nei Boamsterhim komme. De kwaliteiten neamd yn'e profylschets tsjutte nammentlik op in tüzenpoatich type. Yn'e diskus je rün om it plak fan en it funks j onearj en fan'e boargemaster, wurdt de boargemaster hieltiten mear as manager sj oen. Yn it ,gefal fan it gemeentebest j oer, moat sa'n manager oan tal fan easken foldwaan. Persoanlike kenmerken soene bygelyks wêze moatte: - it hawwen fan fisy, - boppe it maaifjild ütkomme doarre, - it nimmen fan risiko's, - minsken ynspirearje kinne, - en fierder motivaasje, integriteit en leargierigheid. In hiele wasklist, mar it beneamen fan dizze kenmerken wurket foar my dochs ynspirerend, om't it düdlik oanjout dat it be st j oer en yn dit gefal de boargemaster as manager fan'e gemeen te in gruttere ferantwurdlikens hat dan allinnich it draaiend halden fan'e saak, hoe wichtich dat ek is. Wat my oanbelanget hoopje ik dat jo dy tüzenpoat binne, dy't üs as kolleezje, ried en amtlike organisaasje oansprekt en stimulea- ret, sadat wy as in grut team, mei ferskate ynfalshoeken en ferantwurdlikheden üs boargers betsjinje kinne. In ekstra diminsje yn it lieden fan in gemeente leit nammentlik yn it flak fan it tsjinstber wezen oan de befolking, it düdlik oanjaan fan wat de lokale oerheid foar boarger dwaan kin en wat dyselde boargers sels foar de mienskip betsjutte kinne. Ek foar dy taak is it fan grut belang in iepen each en in iepen hert te hawwen, net om dernei elts gelyk te jaan, wêrtroch der in pünbulte üntstean kin, mar wol om't it dan hopenlik mooglik is stanpunten en mieningen oer en wer te ferdüdlikjen en te begrypen. It wurkjen op dizze wize freget ynset fan eltsenien yn en büten it gemeentehüs. Gelokkich hawwe wy en ha ik dat yn'e ofrüne perioade fernimme kind, hoe dat wurkje kin. Wy hawwe as ried, kolleezje en amtlike organisaasje in drege en ynspannende tiid efter de rêch, wêryn't wy it inoar net altiid maklik makke ha. N0T1DEC.l/RAAD/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 12