- 3 - Dochs ha ik seis fernimme kind yn dy moannen dat^ der in^ reewil- ligens wie om der, nettjinsteande mieningsferskillen, it béste fan te meitsjen. As jo der mei syn allen foar stean wolle en dat ek utstriele km- ne, dan komme in protte minsken en saken binnen en buten de organisaasje folie better ta har rjocht. Persoanlik ha ik dat yn elts gefal goed fernimme kind. Al dyjingen dy't der foar soargje ha dat de gemeentlike or- ganisaasjes trochdraaie koe, wol ik tige tige tank sizze. It hat foar it kolleezje en foar my seis in hiele rêst west der op fertrouwe te kinnen. Amtlik apparaat en ried, tank derfoar. De takomst Boargemaster Dijkstra, doe't ik fan jo beneaming hearde, knge ik de assosjaasje: ünbekend, frjemd, mar dochs eigen. Sa sille it j imme seis fergean, mar sa fergiet it my ek. Der binne in protte oanknopingspunten, mar der falie tinkt my, ek genöch nije saken ut te wikseljen. Wat ik yn'e ófrune wiken fan jo heard en meimakke ha, hat my yndied leard, dat it jo eigen wêze sil om goed om te gean mei ferskate mieningen, dat jo jo thüsfiele^ op it plattelan en dat jo jo ynsette wolle foar de leefberens dêrfan. Fierders, dat jo belangstelling ha foar minsken en saken om jo hinne. i_-u- Ut namme fan it kolleezje wol ik jo graach stypje yn dy haldmg, en stypje by dy eigenskippen. Wat üs oanbelanget sil wy üs best dwaan om jo belangstelling wurdich te wezen, nochris fan herte wolkom yn üs fermidden, wy gean graach mei jo yn see, in protte sukses en in goede faart tawinske Boargemaster Dijkstra, in net ünbekend Nederlander hat likemoch it folgjende sein: yn praterij kin jo net libje It wurk stiet op jo te wachtsjen, mar yn it wurk kin jo net wenje Der stiet noch gjin hus op jo en jo frou te wachtsjen en dochs sil jo der yn libje moatte om fanüt dy basis jo wurk goed dwaan te kinnen. Jimme sille der grif yn slagje hjir in hus te finen wer't jimme in thus fan meitsje kinne. Wy wolle jimme der graach by helpe, troch jimme it boek "Friese states en stinzen" oan te bieden. Ik hoop dat it jimme ynspirearret ta it finen fan in moai plakje. En hjirmei ha ik sein. 4Speech gemeentesecretaris. Mevrouw Van der Sluijs zegt: Heden, dames en heren, geachte burgemeester, verwelkomt deze ge meente de tweede burgemeester in haar nog jonge geschiedenis. NOTiDEC.l/RAAD/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 13