- 10 - Folie fierder as dy trije stappen kin de hoanne fan dy toer ek net dwaan, want yn Reduzm sitte de hoannekneplers klear. En ünderweis loere yn Ideard de Foksen. De brêgebidlers fan Wergea litte ek gjin kyp troch en der efter skarrelje de Wartenster Roe ken om. Lykas ek yn Raerd. Om fan de Jirnsumer katten mar net te sprekken. En wat moat sa'n hoanne mei Grouster tsiisferdünsers Akkrumer petiele-skiters of Boarnster tuorkemjittersSis no seis Dy hoanne komt nea fierder as trije stappen fan de toer en dêr bliuwt it middelpunt fan de ierde dan ek lizzen. Mei dêr om hinne Boamsterhim. Jo binne dus te plak. En jo begripe dat we hjir in ryk ferskaat ha, net allinich fan doarpsbynammen mar oer it generaal oan minsken en saken. Mei it jo in ütdaging weze om mei wurkkrêft en fyzje hjir in goed belied mei üs fan de grun te tillen. In belied foar alle ynwen- ners Wolkom boargemaster Ype Dijkstra As léste wol ik no üt namme fan de hiele ried mefrou Anneke Bloem tank sizze foar de goede wize wêrop se üs gearkomsten leit hat tydens "it boargemasterleaze tiidrek. Dat wie gjin sine- kure. Der wie seis in maratonsitting by. Us tank. By in wolkom heart ek in presintsje. Foar de frou in blomke en foar jo Ype Dijkstra it lüd fan in ienstimmige ried. De leden van de gemeenteraad en de gemeentesecretaris zingen on derstaand lied op de melodie fan "In feintsje fan Menaam". Ype Dijkstra. In feintsje üt it wald sa'n 48 jier ferlyn dy sei: dach heit, dach mem, jim lit ik noch wat sjen. Refrein Pas op (2x) want hjir komt jimme Ype oan dy pakt it allegear wurdt boargemaster, hear! Op't Fochtel lei syn jeugd op heite memme boerespul Yn hynstestal en koai dêr song de lytse boai. Refrein Bdriuwslibben gong er yn fan ünderop oant boppe ta in fakman fan komsa Wêr sette dat op ta? Refrein NOT1DEC.l/RAAD/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 20