Nummer 1: Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie graag wil dat het col lege met de stichting om de tafel gaat, zeker nu de verstandhou ding wat minder lijkt te zijn. De hear Van der Baan fynt dat no sa gau mooglik it beliedsplan fan'e stichting yn'e ried behannele wurde moat. Nummer 4 De hear Roorda seit dat der yn it skriuwen omtinken frege wurdt foar it feilichheidsaspekt. De Meinesleatsbrêge leit oan in T- splitsing. Benammen by in stevige süd-westenwyn is der sprake fan ekstra risiko foar oanfarringen. Hy wol dêrom de suggestje dwaan om te bes jen oft dêr ek in pear mearpeallen pleatst wurde kinne. De hear Van der Baan seit dat hy it iens is mei it brief fan de Akkrumer wettersport. Nummer 5: De hear Dotinga seit dat syn fraksje der wol fanüt giet dat der planologysk meiwurking ferliend wurde sil. Hy soe graach dêr in ófskrift fan hawwe wolle. De hear Van der Baan fynt ek dat it kolleezje planologyske meiwurking jaan moat. Nummer 2: De hear Van der Baan seit dat hy der fanüt giet dat it kredyt dat beskikber steld is foar de ferkearsdrompels foldwaande is om ek de problematyk fan'e Kooistrawei üt'e wei te romjen. Nummer 10: De hear Van der Baan wol graach dat de ried in ütspraak docht oer dizze kwestje. De foarsitter seit dat de stikken 1 oantemei 5 yn hannen fan it kolleezje steld wurde, dat haldt yn dat se yn de ried werom- komme. Wat der no oer sein is nimt it kolleezje graach mei. It is prima om nochris yn'e ófdieling te praten oer it iepenbier ferfier. De ried moat lykwols wol syn beheiningen witte. It is net goed ferwachtings te wekken nei de boargers dat de ried de macht hat it iepenbier ferfier te ferbetterjen. Der moat oer pra ten wurde hoe't it sa lang en sa goed mooglik yn stan bliuwe kin, al binne de mooglikheden fan'e ried hiel beheind. It kolleezje wol yn jannewaris wiidweidich stilstean by de nota Griene Romte sadat de ried dan in goed beslut formulearje kin. De ingekomen stukken worden voor het overige, voor zover niet anders vermeld voor kennisgeving aangenomen. 3Mededelingen. De hear Van der Baan seit dat oer punt 2 neat by de stikken lei. Hy wol graach neiere ynformaasje. De hear Bouma seit dat de data 15 juny en 21 desimber net goed utkomme yn ferban mei regiogearkomsten. N0T15DECl/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 32