Sa'n selde taakstellend budzjet wol hy ek foar de abonneminten en de stüdzjekosten. Oer de ütfiering fan it ynformaasje-program- ma wol hy earst yn de öfdieling prate. It bedrach dat dêrfoar opfierd stiet, f 71.000,00 moat dan foarearst nei de algemiene reserve ta. Wethalder Bloem tinkt dat it ferskil tusken dit ütstel en it bestjoersplan is dat by it bestjoersplan praten wurdt oer 1993 en folgjende jierren en hjir giet it eins om in foarfase dêrfan. Tal fan saken dy't hjir ütsteld wurde wurde yn feite ek ütsteld binnen de begrutting foar 1993. Tal fan dy saken moatte eins al dit jier barre. Guon posten binne dan ek te leech, sa as ek al yn'e taljochting stiet. It is wenst om yn'e maitiid en yn'e hjerst nei te gean hoe't it der foar stiet en wat de plussen en de minnen binne. Se stelt mei klam dat it yn'e praktyk net in kwestje wie fan in briefke ynleverje en dan krije jo wol in kredyt. Earst moat der besocht wurde yntem in oplossing te finen. By tal fan saken is it sa gien en yn dit ütstel leit de ütkomst fan de diskusjes dy't plakfün hawwe èn yn it amtlik appa raat èn yn it kolleezje. Yn dit ütstel steane de saken dy't eins dit jier noch ütfierd wurde moatte. It kolleezje giet der fan üt dat foar takom jier, as de taken hiel düdlik binne de ried net wer foar ditsoarte ferrassings komt te stean omt der dan taak stellend wurke wurdt. Foar it bestjoersplan wie strukturele romte nedich wylst it hjir giet om ienmalige romte foar ien- malige saken. Yntem sil der hiel goed letten wurde op de abon neminten en stüdzjekosten. Ut'e stikken is wol düdlik wurden wat de achtergrun fan'e ütsetting fan'e stüdzjekosten is. Der binne tal fan saken wêrfoar it amtlik apparaat by-oplied wurde moat om by te bliuwen. De algemiene reserve fan 1,5 miljoen bliuwt yn prinsipe oerein. Fierders is der in normaal ünfoarsjoen op'e rinnende begrutting. Biensma is yndied in probleem. It kolleezje fynt it fan belang dat in ton üt dit ütstel dêrhinne giet. Ynhaldlik wol sy dêr by it folgjende punt fan'e wurklist op weromkomme. Foar it kolleezje bliuwt it fan grut belang dat yn 1993 op in goede wize mei budzjetbewaking omgien wurde kin. Budzjetbewaking bart no ek al, mar soms binne der saken dy't oars rinne as ferwachte binne. I.W.R.O. hat de leste tiid te meitsjen han mei in tige krap budzjet. De saken dy't yn dit ütstel steane binne neffens har hiel terjochte. By it opmeitsjen fan'e definitive rekken oer 1992 kin sjoen wurde hoe't de flagge der byhinget. Sy hopet dat it sa is dat der dan in protte romte oer is sadat guon saken üt it bestjoersplan earder ütfierd wurde kinne. Wethalder Nieuwdam seit dat de ried yn 1990 it ynformaasjeplan oannommen hat. It kolleezje stelt op dit momint fêst dat wol it programma sa as yn it ynformaasjeplan stiet helle wurde it needsaaklik is in ynhaalslach te meitsjen. It tal beeldskermen dat nedich is om optimaal gebruk meitsje te kinnen fan de yn- fierde programma's is noch net oanwêzich. Hy trunet der op oan it jild op ridlike termyn beskikber te stellen. Yn jannewaris komt der in rapportaazje oer it jier 1992. Hy hopet dat dat yn febrewaris yn'e ófdieling en yn'e ried behannele wurde kin. NOT15DEC.l/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 35