- 6 - Mefrou Santema is net hielendal tefreden oer it antwurd oan- geande de stüdzjekosten. Fansels fynt sy ek dat it personiel goed ynformearre wêze moat. Mar it giet har te rap as der al te licht oer it budzjet hinne gien wurdt. Foar har gefoel stiet de ried yn dit gefal mei de rêch tsjin de muorre. De ried hat net in kar meitsje kinnen oer wêr't foar him it jild dat oer is hinne moat. Der bliuwt mar krapoan f 20.000,00 oer foar de algemiene middels wêrfan de hear Veldstra seit dat it nei it bestjoersplan moat. Sy soe dêr yn'e öfdieling noch wol in kear oer prate wolle. Oer de kriptyske sin by punt 10 hat sy de wethalder noch net heard. De hear Van der Baan haldt syn stelling oerein dat as dit dtstel oannommen wurdt de ried him foar'e kroade ride lit. De ried is baas oer de ekstra krediten dy't der komme moatte en troch dit ütstel lit hy dat samar foarbygean. Hy bliuwt der by dat as oer de begrutting hinnegien wurdt dêr in goed ünderboud ütstel by heart te lizzen. De presintaazje sa as dy no plakfynt fynt hy absoluut net korrekt. De ried moat de poat stiif halde en de saak yn'e stringen. Tafallichheden meie eins net foar- komme. Hy bliuwt derby dit ütstel troch te skowen nei 1993 en kom mei oanfragen foar ekstra krediten. It giet him om in kor- rekte wize fan oanpak en ófhanneling. Hy wol net yngean op alle ünderdielen apart, al bin der ünderdielen dêr't hy hiele grutte fraachtekens by hat. Mevrouw Van den Berg zegt dat zij van de wethouder de indruk heeft gekregen dat alles al geregeld is. Zij wil graag punt 10, uitvoering informatieplan in de derde afdeling behandelen, zodat een goede afweging gemaakt kan worden. Zij heeft niet kunnen vin den waar de extra studiekosten aan zijn uitgegeven. Haar fractie wil inzicht hebben in waar dit geld aan wordt uitgegeven. Het gaat ook nog maar om een tegemoetkoming. Geeft het personeel nog veel meer uit aan studiekosten? Gaat het om bijscholing of om een investering in henzelf? Allemaal vragen waar zij graag een antwoord op zou willen hebben. De hear Veldstra docht de suggest je om net oan te üntkommen stüdzjekosten ta te rekkenjen oan it ünderwerp dêr't se mei te krijen hawwe. Hy stelt üt de f 71.000,00 te parkearen oant de behanneling yn'e öfdieling west hat. De foarsitter slüt om 20.35 oere tydlik de gearkomste foar oerlis yn it kolleezje. Hy weriepent de gearkomste om 20.45 oere. Wethalder Bloem seit dat dit ütstel him öfspilet yn de oergongs- sitewaasje nei it nije belied fan it bestjoersplan ta. It is nef- fens har wol fan belang dit ütstel trochgean te litten. Yn it bestjoersplan is krekt oanjün op hokfoar wize en mei hokfoar krediten yn 1993 üteinsetten wurdt. Yn dit ütstel giet it om saken dy't foar in part der tuskenyn falie. It is de opset fan it kolleezje om mei de ried wiidweidich te praten oer stüdzjekos ten en ynformaasjeplan. NOT15DEC.l/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 36