Yn it bestjoersplan is ütsprutsen dat it bedrach dat no beskik- ber is foar stüdzjekosten beslist te leech is. Der binne tal fan suggestjes west om de saak üt te striken nei 1993. It kolleezje tinkt dat dat net ferstannich is omt de budzjetten al net hiel rom binne. Se wol graach yn 1993 goed starte. Wethalder Nieuwdam seit dat de bystelling fan'e planning grutte neidielen opsmite sil foar de meiwurkers. Dat as utlis fan'e wat kriptyske omskriuwing by punt 10. Ynkoarten sil der praat wurde oer wat yn 1992 dien is en wat der yn 1993 barre sil. Hy wol meigean mei it utstel fan'e hear Veldstra om it bedrach te parkearen yn ófwachting fan'e diskusje yn'e tredde öfdieling. De foarsitter docht in twingend berop op'e ried ienriedich ach ter it utstel stean te gean sadat der yn 1993 wier mei in nije start begün wurde kin. Der binne saken neamd dy't eins better yn'e öfdieling bepraten wurde moatten hiene. Hy hopet dat dat yn it nije jier wol it gefal wêze sil. As foarbild neamt hy it budzjet foar de oplieding fan'e meiwurkers. Dat budzjet is lyts sjoen it tal meiwurkers yn tsjinst fan'e gemeente. Yn'e takomst moat der mear praten wurde oer de echte bedragen dy't nedich binne om it wurk goed te dwaan. Soks fereasket in stevige diskus je yn'e öfdieling. De hear Van der Baan seit dat hy ek in ferantwurdlikheid nei de achterban hat. Hy kin dan ek net de frijheid fine mei dit ütstel mei te gean. De hear Breeuwsma hat begrepen dat punt 10, ütfiering ynformaas- jeplan utsündere is. As dat sa is kin syn fraksje achter it ütstel stean. De foarsitter docht in berop op de hear Van der Baan in streep under it ferline te setten. It soe hiel moai wêze as de ried jün ienriedich wêze koe. In stik unanimiteit is fan grut belang. De hear Van der Baan seit dat it kolleezje op ien post in ütsün- dering meitsje wol om dêr noch in kear oer te praten. As it kolleezje de tasizzing docht de wize fan wurkjen folgje te sillen sa as hy ütsteld hat sil hy mei dit ütstel meigean. De foarsitter seit dat it kolleezje fynt dat it petear mei de riedsleden noch mear plakfine moat yn'e öfdieling. Yn'e öf dieling moat it aksent lizze. Yn dy sin kin hy ynstimme mei de beneiering fan de hear Van der Baan. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel, uitgezonderd punt 10, besloten. Over de uitvoering van het informatieplan zal eerst in de 3e afdeling worden gesproken. 7. Voorstel tot vaststelling van de verordening op de heffing en invordering van leges. De hear Van der Baan hat opmurken dat it trouwen op sneon net mear tafalle sil, it kostet in knoarre jild. It kolleezje fynt blykber dat de gemeente der net foar is minsken op sneon te trou wen. N0T15DEC.l/H/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 37