Trouwen op sneon soe dus ófremme wurde moatte. Hy fynt lykwols dat dat net op dizze wize moat. Hy fynt dat de gemeente de lju de gelegenheid jaan moat om in dei te kiezen dat elts de trouwe rij meibelibje kin. As de gemeente as tsjinstferlienend bedriuw der foar de boargers is is it ek net slim om de gelegenheid te jaan op sneon trouwe te kinnen. Der sille reële mearkosten wêze dy't ek wol yn'e priis ta utering komme meie, mar it wol him net oan dat trouwen op sneon 4 kear sa dj oer wêze moat as op in gewoane wurkdei. Hy wol it kolleezje meijaan te besluten ta in priis wêrtroch de reële mearkosten dutsen wurde kinne. Mefrou Santerna seit dat op sneon trouwen dan wol in knoarre jild kostet, op freedtemoam kostet it lykwols neat. Wêrom stiet dat net yn it ütstel. Wethalder Bloem seit dat mefrou Santema gelyk hat dat der op freedtemoam fergees troud wurde kin. As finansjes in probleem binne dan kin der lykwols troud wurde. Hjiryn komt ta utering dat de gemeente der wis wol foar de boargers is. Yn it ütstel wurde allinne mar de dagen neamd dat it wol jild kostet omt it ek giet om de ynfoardering fan leges. Wat neat kostet hoecht ek net opneamd te wurden. Sneon is in wat minder gebruklik momint om te trouwen. Sjoen nei it totaal fan'e kosten sil it trouwen oer it generaal sjoen net kostendekkend wêze. Foar de sneon kin bést in bedrach jilde wer't jo efkes oer nei tinke as jo dan al as net trouwe sille. De praktyk is dat we der op sneon foaral binne foar minsken fan buten üs gemeente dy't hjir yn it moaie gemeentehüs trouwe wolle. Ek yn ferliking mei oare gemeenten liket it har gjin probleem foar it trouwen op sneon it neamde bedrach te freegjen. De hear Van der Baan stelt üt dan it trouwen op sneon foar eigen ynwenners op f 225,00 te halden. Wethalder Bloem kin net meigean mei de suggestje fan de hear Van der Baan. Om foar de 2% eigen ynwenners dy't op sneon trouwe wol le in apart taryf te hantearjen giet har te fier. De gemeente wol op sneon dizze tsjinst ferliene en it liket har terjochte dat dêr in oar taryf foar eltsenien foar jilde moat. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 8. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een bedrag, groot f 200.000,00 ten behoeve van het complex bedrijventerrein Biensma. Mefrou Santema seit dat har fraksje wol graach wol dat it kol leezje oangeande Biensma noch mear aks je ündemimt. It is spitich en bitter dat der no al safolle jild nei Biensma ta moat. Mar oan'e oare kant, de rykswei is no hielendal klear en it bedriuwenterrein leit op in moai plak. Wa wit, miskien komt der noch wolris in reedmakkersfabryk. De hear Van der Baan seit dat bekind is dat it mei Biensma net sa giet as wy graach wolle. As oplossing sjocht hy net in beliedsnotysje sa as yn it ütstel stiet omt wol düdlik is wêr it him oan leit. By de oanlis fan Biensma is yndertiid öfpraten dat der ek in kombinearre fyts- en kuierpaad komme soe. NOT15DEC.l/H/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 38