Hy giet der foar yn'e pleit dat der in goed kuierpaad komt omt bliken dien hat dat it gefaarlik is benammen yn it tsjuster sa oer de dyk te rinnen. Mei de dekking fan dit dtstel hat hy grutte muoite. Op foarhan wurde sa al eventuele reserves opbrüktOan'e oare kant hat hy ek begrepen dat it kolleezje drok dwaande is in oare polityk oangeande Biensma te üntwik- keljen. Dat wol hy earst mar ris öfwachtsje. As it beslist net oars kin dan sil hy akkoart gean mei dizze dekking. De hear Breeuwsma tinkt dat in beliedsnotysje hiel nuttich wêze kin as hy mar net te grut is. Hy tinkt dat dizze finansjele eksersysje plakfine moat. It jout ek tagelyk in oantrdn om tige adekwaat op te treden, handelsgeast te hawwen, fleksibel te wêzen en besykje dizze unike grün oan de man te bringen. Mefrou De Boer kin har oanslute by de wurden fan de hear Breeuw sma. Der moat yndied in protte enerzjy yn stutsen wurde om de grün te ferkeapjen. Der moat besocht wurde nije bedriuwen oan te lüken mar ek de kontakten mei besteande bedriuwen binne tige wichtich. Yn'e twadde öfdieling hat sy de suggestje dien in part fan it bedrach te brüken foar akwisysje. Hoe tinkt it kolleezje dêroer. Wethalder Bloem seit dat yn'e ried deselde gedachten libje as by it kolleezje. We wolle graach grün ferkeapje op Biensma, it is in poerbêst plak. It kolleezje hat der in hiele protte sin oan dêr mei oan de slach te gean. Op dit stuit is der it finansjele probleem wêrfoar perfoarst in dekking fün wurde moat. Se kin de ried gerêststelle, der komt gjin dikke beliedsnotysje. Dochs sil der in fisy lizze moatte ünder hoe't it grünbedriuw oanpakt wurde moat. Dat bringt har by de opmerking fan mefrou De Boer om in part fan it jild te brüken foar akwisysje. It kolleezje fynt dat dat op dit momint net moat omt it hjir giet om it dekken fan in tekoart. Yn de beliedsnotysje moat ek oanjün wurde oft de saken wêrfan risseltaat ferwachte wurdt dien wurde kinne sünder in finansjele stipe. De fraach fan de hear Van der Baan nei in fyts- en kuierpaad kin belutsen wurde by hoe no fierder mei Bien sma. Der sil goed besjoen wurde moatte oft dat ek finansjeel helber is. Sy hopet dat oer in jier hiel oars tocht en field wurde kin oer Biensma. Mefrou Santerna trunet der op oan net te lang te wachtsjen mei de akwisysje. Mefrou De Boer seit dat sy har suggestje dien hat om foar te kom men dat der ynkoarten in fersyk komt foar in budzjet foar ak wisysje. Mooglik kinne besteande bedriuwen in helpende han biede. Wethalder Bloem is hiel bliid mei alle suggestjes. De suggestje om besteande bedriuwen üt te noegjen wat fan harren ünderfinings üt te dragen sil sy seker meinimme. As der jild oan akwisysje bestege wurdt moat dêr wol in goed plan ünderlizze. Der moat yndied net al te lang mei de akwisysje wachte wurde, al is dat oant no ta ek al wol op lytse skaal bard. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. NOT15DEC.1/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 39