- 13 - 19Voorstel tot het verlenen van medewerking en het beschikbaar stellen van een krediet voor diverse voorzieningen aan de bijzon dere basisschool "De Finne" te Aldeboam. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 20. Voorstel inzake beheer en onderhoud sportcomplex De Twine. De hear Bouma seit dat der al jierrenlang praat wurdt oer in oare wize fan behear fan De Twine. Hy tinkt dat it in goede set is De Twine oer te dragen oan in pleatslike B.V. en Sportfondsen Nederland yn te hieren. Hy giet der fanüt dat it sportkompleks opknapt wurdt en yn eigendom bliuwt fan de gemeente en dat it behear oerdrugen wurdt oan de nije B.V. Mei de nije ried fan behear wurdt de ferweefdheid mei de gemeente minder grut. Dat kin bést in goede saak wêze. Hy nimt oan dat der nije minsken yn de ried fan behear komme, der komt in stik management en it hiele kompleks kin iepen bliuwe. Al mei al in hiele goede üntwik- keling. Hy hopet dat mei dizze nije foarm, wêrby de ried dochs in foarm fan ynfloed haldt in goed nij begjin makke wurde kin. Hy betanket de behearskommisje foar al it wurk dat hy dien hat en dat ek op in hiel goede wize dien hat. Syn fraksje kin hielendal achter it ütstel stean. Mefrou De Vries seit dat dit ütstel al in aardige foarskiednis hat en it is wiidweidich yn'e öfdieling besprutsen. Sy fynt dat it kolleezje dizze saak hiel netsjes oanpakt hat. De gemeente sit oantangele mei in foars tekoart en der moat in grutte ynves- tearing plakfine yn it grut ünderhald. Foar har fraksje hat hyltiten foarop stien dat it kompleks net privatisearre wurde moast, omt dizze foarsjenning wichtich is foar us hiele gemeen te. Dit ütstel foldocht goed oan dy winsk. Behear en eksploitaa- sje wurde ütbestege oan Sportfondsen Nederland. Der binne tri je mooglikheden trochljochte en üteinlik kaam Sportfondsen as meast gaadlike üt de bus. Sy is ek wiis mei de konklüzje üt it rapport fan A.V.M. wêrüt bliken docht dat de behearskommisje it hiel goed en sunich dien hat. Sy sprekt har wurdearring dêrfoar ut. Har fraksje wol foldwaande sizzenskip halde oer de begrutting, de jierrekken, ynvestearings en de beneaming fan de behearsried. Fral de sport moat dér goed yn fertsj intwurdige wêze en der moatte ek saakkundige minsken ynsitte. Dat kin wol op de wize sa as no ütsteld wurdt. Dus fia in foardracht fan it kolleezje, dy't yn'e tredde öfdieling oan'e oarder komt. Ek wol sy ynsjocht hawwe yn hoe't de taken en ferantwurdlikheden ferdield wurde tusken ried fan behear en algemiene gearkomste fan oandielhal- ders fan de B.V. en de manager. Har fraksje fynt f 410.000,00 wol in uterste limyt. Sportfondsen Nederland is in saaklike ündernimming, sy ferwachtet dat it kolleezje yn'e ütwurking fan'e hier- en eksploitaasjeoerienkomst him ek saaklik opstelle sil en mooglikheden ündersykje sil fan in goedkeapere fariant. Mooglik sit der noch romte yn. Har fraksje kin ynstimme mei it ütstel De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje tinkt dat it model dat no keazen is in brükber model wêze sil. Hy hat lykwols in pear kanttekenings, benammen oer de finansiering. Hy krijt de yndruk dat op alle manieren besocht is de finansiering nei buten ta in bytsje ridlik te halden. NOT15DEC.1/H/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 43