- 14 - Dat blykt al üt it feit dat der oars in öfskriuwing fan f 92.000,00 it jier wie en no wurdt dy öfskriuwing op annuïteit fan 30 jier set mei in jierlikse öflossing fan f 13.000,00. Dizze konstruksje is foar him hast ünmooglik foar in gebou dat al in jier as 13 aid is. Syn fraksje fynt dat dit net in begean- bere wei is en yn finansjele sin is dit foar syn fraksje net te oanfurdigjen. Hy fynt dat der twa dingen ünderskieden wurde moatte, de kapi- taalslesten oan'e iene kant en de eksploitaasjelesten oan'e oare kant. As dy twa saken fermongen wurde kin yn'e takomst nea wer ynsjoch yn'e ekploitaasje komme. Hy befellet oan alle skulden yn ien kear öf te boeken, set dy mar op in annuïteit fan 25^ jier en meitsje de eksploitaasje sadanich dat der mei in skjinne lei begun wurde kin. Mei alle respekt foar it wurk fan de behearskom- misje riedt hy it kolleezje oan nije minsken yn de ried fan behear te setten, sadat mei nije minsken mei in nij ferhaal begun wurde kin. De hear Van der Baan hat deselde fragen en opmerkings as de fraksje fan de P.v.d.A. Hy fynt dat de hear Breeuwsma gelyk hat as hy wol dat de skulden yn ien kear öfboekt wurde op 45-jier- rige annuïteit. Dat is in bettere en sünere oplossing dan itjinge it kolleezje ütsteld. Der is grut optimisme oangeande de nije opset. Oan'e iene kant kin hy dat optimisme diele, oan'e oare kant moat wol realisearre wurde dat net ta privatisearing oergien is wat wol in handikap ynhaldt en minder optimaal is dan as wol ta privatisearing oergien wie. Hy hopet lykwols dat der in goede fuortgong wêze sil. Wethalder Nieuwdam seit dat dit kompleks in hiel komplekse skiednis hat. Fan 1980 öf hat de gemeente hyltiten de noeden en soargen mei drügen. Hy wol foarop stelle dat de behearskommisje altiten hiel sunich wurke hat. Hy betanket de kommisje derfoar. Begjin ferline is begun mei de petearen om ta in oare behears- foarm te kommen en de petearen mei de behearskommis j e binne hyltiten yn goede harmony ferrün. Sa geandewei it jier is der in protte enerzjy yn stoppe om fral mei in helder plan te kommen. It docht him deugd dat dat ek troch de ried wurdearre wurdt. Der hawwe yndied altiten grutte tekoarten west en no moat der ynkoar- ten in foarse ynvestearing plakfine en de polityk hat ütsprutsen dat De Twine net privatisearre wurde sil. Fanüt dat ütgongspunt binne der ündersiken west en leit it risseltaat dêrfan yn dit utstel. Ek yn dizze nije foarm fan behear sil de ried oangeande it dwaan en litten fan de B.V., fan de ried fan behear foldwaande werom- keppeling krije en de begruttingen foarlein. It kolleezje is wol ree en gean noch in kear mei S.F.N. om'e tafel mei as ynset in legere jierlikse bydrage. Hy tinkt dat it best mooglik is om de eksploitaasjekosten leger te krijen mar dat sil dan wol sünder mis op kosten fan'e kwaliteit fan'e tsjinstferliening gean. Fan it begjin öf oan is steld dat de renovaasje fan 1 miljoen ek ütfierd wurde moat. Troch dy renovaasje kin der sprutsen wurde fan in folweardige akkommodaasje en it kolleezje doart it oan de finansiering opnij op te setten. De kapitaalslesten bliuwe foar rekken fan'e gemeente. It part dat te meitsjen hat mei it eksploitaasjetekoart giet nei de B.V. yn oprjochting. NOT15DEC.1/H/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 44