- 15 - Der sil dus in splitsing wêze en it is him net alhiel düdlik wat de hear Breeuwsma mei in fierdere splitsing fan kapitaals- en eksploitaasjelesten bedoeld. Hy fynt it jammer dat de hear Van der Baan dochs noch wat skeptysk is omt hy fynt dat der oan- geande it fuortbestean fan dit kompleks in wei ynslein is dy t in goede garansje ynhaldt oangeande de tsjinstferliening. Sa t ek yn it ütstel stiet sil it kolleezje mei in foardracht komme foar de leden fan de ried fan behear. Fanselssprekkend sil de sport der in ynbring yn hawwe en ek de saakkundigens fan de ried is tige wichtich. Yn de tredde öfdieling sil praat wurde oer it ütstel fan it kolleezje. De hear Breeuwsma seit dat as op deselde foet fierder gien wie it j ierlikse tekoart net f 410.000,00 mar f 490.000,00 west hie. Yn stee fan f 92.000,00 öfskriuwing it jier wurdt it no f 13.000,00. It liket wol oan oantreklik, mar de terminen wurde al safolle langer. Hy fynt dit in wize fan wurkjen dy't finansjeel net krekt is. Twaddens is it nea nei te gean yn dizze sitewaasje wat no krekt kapitaals lesten en wat eksploitaasjelesten binne. Syn ütstel is de kapitaals lesten derüt te heljen, dan kin der yn'e takomst echt oer de eksploitaasjelesten praten wurde. Mefrou De Vries begrypt it probleem fan de hear Breeuwsma mei de annuïteitenliening net hielendal. It giet no krekt om in fest bedrach dat op in langere termyn setten is. It is in hiel lykwichtich ütstel. It kompleks stiet der noch in hiel skoft en it is no krekt begun om in finansiering dêr't in hiel skoft mei fierder gien wurde kin. Se is it wol mei de hear Breeuwsma iens dat der socht wurde moat nei in splitsing fan eksploitaasje- en kapitaalslesten. Allinne al om reden dat no de yndruk bestiet dat it hiele bedrach nei Sportfondsen Nederland giet en sa is it net, liket it har goed de presintaasje oars te meitsjen. Foar it oare kin sy har fine yn de ütlis fan de wet- halder. De hear Bouma femuvert him wat de hear Breeuwsma oer de finan siering opmerkt. Yn de öfdieling is wiidweidich oer dizze opset praten. Kapitaalslesten en eksploitaasjelesten binne loskeppele. De gemeenteried hat yn elts gefal fiif jier sicht op it eksploi taas jebedrach dat nei S.F.N. giet en kin op elts momint in finansjeel rapport krije. It kin dus sa goed bewaakt wurde as de ried seis wol. Oer de ynfolling fan de ried fan behear wol hy him net utlitte. Yn elts gefal moat der foldwaande saakkundigens ynkomme De hear Van der Baan seit dat wat de opset fan de finansiering oanbelanget hy it stanpunt fan de hear Breeuwsma dielt. Hy wol graach düdlikheid hawwe oar it tal minsken dat yn de ried fan behear sitte moat. De foarsitter seit dat op side twa fan it ütstel stiet dat de tredde öfdieling ynstimme kin mei it ütstel. As it stiet fer- keard yn it ütstel as hy begrypt it ynsjoch wat jün nei foaren brocht troch de hearen Breeuwsma en Van der Baan net goed. N0T15DEC.l/H/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 45