- 16 - De hear Van der Baan seit dat syn fraksje net yn'e tredde öf- dieling ynstimd hat mei it ütstel. Dat koe ek net omt der gjin offisjele fertsjintwurdiger fan de fraksje by dy gearkomste oanwêzich wie. De hear Breeuwsma seit dat de fraksje bepaaldt hoe't it stanpunt yn de rie wêze sil. Wethalder Nieuwdam seit dat yn in tal gearkomsten. ek besletten, de saak üt en tenei besprutsen is. Dêr hat ek de hear Van der Baan west. Doe hat hy gjin lüden sa as jün heard. Van der Baan wie dus op'e hichte. Hy wol dat noch sizze omt it oars hast lykje soe as wie de tariedling op dit ütstel buten de F.N.P. omgien. De hear Van der Baan seit dat yn de besletten sittingen sein is dat dêr gjin stanpunten werjün wurde soene. Wat de wethalder no nei foaren bringt fynt hy under de mjitte. Wethalder Nieuwdam seit dat der oer de wize fan finansiering gjin op- as oanmerkingen makke binne. De hear Van der Baan seit dat dêroer hielendal gjin réaksjes jün binne. Wethalder Nieuwdam seit dat S.F.N, frege hat foar de ried fan behear ek minsken te freegjen üt de behearskommisje oanfolle mei eksteme saakkundigheid. Hy is it wat de finansjele opset oan- belanget net iens mei de hear Breeuwsma. Fierders is it sa dat de kapitaals lesten op de steat fan kapitaalslesten steanbliuwe. De bydrage foar it eksploitaasjetekoart giet nei S.F.N. ta. Wethalder Bloem seit dat mei it oannimmen fan dit ütstel in hiel nije sitewaasje üntstiet yn ferliking mei no. Yn'e nije sitewaa- sje is der in splitsing, oane iene kant de kapitaalslesten dy't op de gebruklike wize by de oare kapitsaalslesten op'e begrut- ting ta harren rjocht komme en oan'e oare kant de eksploitaasje- lesten en de relaasje mei S.F.N. De foarsitter bespeurt dochs wat twifel oer de proseduere oant no ta. Dat moat eins net. It kolleezje bringt saken yn pro seduere yn'e öfdieling wêr't besocht wurde moat in stanpunt te bepalen mei achtslaan fan alle minsken dy't dêr binne. Hy begrypt dat der op syn minst in misferstan is oer de sin op side twa wêr't stiet dat de tredde öfdieling ynstimme kin mei it ütstel. Hy freget oan de hearen Breeuwsma en Van der Baan hoe't neffens harren de gong fan saken west hat. It moat oer it gene raal sa wêze dat as yn de öfdieling in stanpunt bekind wurden dat op syn minst it stanpunt fan dat lid fan'e fraksje is en faaks it stanpunt fan'e fraksje. As it kolleezje it sinjaal yn'e öfdieling krijt dat it ljocht op grien stiet dat moat dat sa yn it ütstel stean. As dan in essinsjeel part fan'e ried nee^ seit dan ropt dat femuvering op. Hy tinkt dat it net goed is op dizze wize te arbeidzjen. Hy freget de ried oft dy syn miening dielt. N0T15DEC.l/H/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 46