- 17 - De hear Bouma seit dat op hiel soarchfaldige wize mei dit ütstel omgien is. Yn'e öfdieling sieten alle riedsleden hyltiten op deselde line. It femuvert him wol wat dat in pear fraksjes no in öfwikende miening hawwe. Der is hyltiten sprake west fan konsensus. Dat dat no yn twifel lutsen wurdt kloppet neffens him net. De hear Van der Baan seit dat der al faken diskussiearre is oer hoe't de öfdielings funksjonearje moatte. Syn fraksje hat him altiten op it stanpunt steld dat öfdielingsgearkomsten opinyfoar- mjend en ynformearjend binne. Somtiden wurde foarriedige stanpun- ten bekindmakke, mar it bart meardere kearen dat der net in eksplisyt stanpunt jün wurdt omt de fraksje bygelyks noch gjin stanpunt hat. Hy is it der net mei iens dat yn'e öfdieling besluten nommen wurde. Nei de behanneling yn'e öfdieling, sa m it foarkomme, kinne der nije ynsichten üntstean troch under oaren it petear yn'e eigen fraksje. Hy fynt dat dat ek kinne moat. As it kolleezje wol dat de diskusje yn'e öfdieling halden wurdt en dat dêr in definityf stanpunt bepaald wurdt, dat der dan gj in diskusje yn'e ried wêze kin en dat de stanpunten net feroarj e kinne dan sil dêr oer praten wurde moatte. It is lykwols syn idee net om it op dizze wize te dwaan. De hear Breeuwsma seit dat it foar de fraksje ynteressant is te hearrep wat in fraksjelid yn'e öfdieling sein en heard hat. Dat hoecht lykwols net yn te halden dat de hiele fraksje it iens is mei dat Öfdielingslid. It bart wol dat de fraksje in Öfwikende miening hat fan de miening fan it öfdielingslid. De miening fan'e fraksje kin dan bekind makke wurde yn'e ried en dêr falie dteinlik de besluten. Syn fraksje is net tsjin it ütstel mar de presintaasje hat hy op- en oanmerkingen op. Hy wol skieding meitsje tusken de kapitaalslest en de eksploitaasjelest. De hear Ren ia seit dat yn 1990 by de algemiene skögings sein is dat der om tocht wurde moat dat yn de öfdielings gjin beslutfoar- ming plakfynt. Yn'e öfdieling wurdt diskussiearre tusken leden fan de ried en de boargers dy't der binne. Yn'e öfdieling sitte 2 leden fan syn fraksje en dy sille dochs noch oerlizze moatte mei de rest fan'e fraksje foardat in stanpunt ynnommen wurde kin. Yn'e öfdieling kin net in definityf stanpunt ynnommen wurden, dat moat yn de ried. Dêr kaam by dat it debat yn de ried dan heftiger is as al net fantefoaren alles al muorrefêst leit. Yn dit gefal wie ek syn yndruk dat de fraksjes yn haadlinen akkoart giene mei it ütstel en dat komt der ek wol üt. Details kin men fan miening oer ferskille. It wie him wol bekind dat de hear Breeuwsma dy strikte splitsing tusken kapitaals- en eksploi- taasjelesten foarstie en de kapitaalslesten seis yn ien kear öfboeke wol. Hy soe dêr ek wol foar fiele mar kin him dochs fine yn de oplossing dy't no oandrügen is. In düdlike splitsing yn boekhaldkundige sin ek, tusken kapitaals- en eksploitaasjelesten liket him prima. De foarsitter seit as it it doel fan de ried is yn'e öfdieling te praten yn opinyfoarmjende sin dêr best de filosofy op setten wurde kin fan ynformaasje-ütwisseling en prate mei de boargers en noch net in stanpunt ynnimme. NOT15DEC.l/H/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 47