- 18 - It kolleezje wol graach de leden fan de öfdieling meitinke litte en ynfloed jaan op it ütstel wat üteinlik nei de ried ta giet. It kolleezje wol graach witte hoe't de fraksjes oer in ütstel tinke, net dat der dan gjin beweging mear yn sitte soe, mar op haadlinen It kolleezje hat der ferlet fan mear as opninyfoarmjend te pra ten yn'e öfdieling. As de ried ynfloed hawwe wol yn it kol- leezje-ütstel dan is it fan belang dat it kolleezje yn'e öf dieling heart wat de opfetting fan'e fraksjes is. It liket him goed yn it oerlis mei de fraksjefoarsitters dér nochris by stil te stean. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje hiel graach wol dat it hiele bedrach dat no beskikber wêze moat foar kapitaalslesten foar dit sportkompleks op ien sifer setten wurdt en as sadanich öfskreaun wurdt yn in tal jierren. Hy fynt dat^ de öfdieling der mar oer prate moat yn hoefolle jier as dat wêze moat. Hy seit dat dan krekt beoardield wurde kin wat de eksploitaasje foar les ten opsmyt en hoe grut it bedrach is dat as kapitaalslesten jildt. As dat ek de bedoeling fan it kolleezje is kin syn fraksje ynstimme mei it ütstel. Wethalder Bloem tinkt dat it düdlik is dat der mei dit^ ütstel in nije finansjele opset keazen wurdt, in oarsoartige liening mei in oar tal jierren. Dêmeist is it sa dat de kapitaalslesten dy't it gefolch binne fan dy oare opset fan'e lieningen as sadanich op'e begrutting komme te stean. De kapitaalslesten dy t te krijen hawwe mei De Twine komme dus op'e grutte steat neist al dy oare kapitaalslesten te stean. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 21. Voorstel tot vaststelling van een begrotingswiiziging. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. tanksizzing foar harren e voor De foarsitter slüt om 22.40 oere de gearkomste under foar de meiwurking. Hy betanket publyk en parse oanwêzichheid en winsket eltsenien woüthüs. Aldus vastgesteld in de openbare ve van 19 januari 1993, de secretaris, (mevr. A.M.E. van der Sluijs) NOT15DEC.l/H/18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 48