De hear Bethlehem fynt dat de hear Van der Baan in goed ferhaal haldt. Hy wol him lykwols te binnen bringe dat doe't de saak ferkocht is de hear Van der Baan dêr ek mei ynstimd hat. De foarsitter tinkt dat yn it brief düdlik ütiensetten is hoe't ien en oar gongen is. Der is gj in sprake fan dat de iene öfdie- ling noch gau efkes wat docht wylst in oare mei hiel wat oars oan'e gong is. De brêge is op dit stuit noch net oan'e oarder. Dat sil seker noch in kear yn'e earste öfdieling behannele wurde. Nummer 3: De hear Breeuwsma freget oft dit perseel by riedsbeslüt ferkocht is. As dat sa is heart it by riedsbeslüt ynlutsen te wurden. De foarsitter seit dat de ferkeap ek as in meidieling yn'e ried west hat. Sy dielt mei dat de meidieling op side 2 (reserve algemene voor zieningen) ynlutsen wurdt. Mevrouw Van den Berg vindt dit een beetje vreemd, omdat bij de opschoning van de reserves ook dit is meegenomen. De foarsitter seit dat it ütstel yn it bestjoersplan is dat it bedrach fan de reserve algemiene foarsjennings diverse boukom- pleksen opheven is. Wat de meidieling sizze woe is dat der tenei op in oare wize mei de opslach omgien wurde sil, sadat der ek yn'e takomst gjin nije reserve opboud wurde sil. De medelingen worden voor het overige voor kennisgeving aangeno men. 4Voorstel tot ruiling van gronden in verband met de realisering van een atletiek- en ijsbaan te Grou. De hear Van der Baan seit dat hy no net akkoart gean kin mei it ütstel. Der kin better wachte wurde oant de hiele saak ek mei Domeinen run is, sadat der dan in totaal ynsjoch is yn wat de transaksjes betsjutte sille yn it gehiel fan de ütfiering fan'e wurken. As dat ienkear goed besprutsen is moat oerlein wurde mei de minsken fan it sportsintrum oer hoe't de ütfiering krekt ferrinne sil. De hear Breeuwsma freget wat de reden is dat der no krekt itselde ütstel as de foarige kear oan'e ried foarlein wurdt. De hear Bouma seit dat syn fraksje akkoart giet mei it ütstel. Hy tinkt dat dit in goede transaks je is dy't de realisearing fan'e atletykbaan befoarderje kin. De hear Ren ia fynt dat de hear Bouma it treflik sein hat. De foarige kear woe syn fraksje dat it ütstel oanhalden waard omt hy bang wie dat der spekulaasjewinst op sitte soe. Dat blykt net sa te wezen. Foar alle stikken jildt ien komplekspriis Wethalder Nieuwdam seit dat krekt de hear Breeuwsma frege hat om earst in behanneling yn'e öfdieling. Dat is no bard. By it riedsbeslüt yn july wie bekind dat de grun foar in part yn hannen wie fan Domeinen en foar in part yn hannen fan in partikulier. N0T17N0V1/RAAD/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 4