- 3 - Hy hat noch gj in ynformaasje oer de taksaasje dy't Domeinen dwaan sil. It is net ünwierskynlik dat de oannimmer yn oerlis mei de sportstichting ófspraken meitsje sil oer de grünferwur- king. Op dat momint is it perfoarst needsaaklik dat de grim fan Schuurmans yn bes it is fan de gemeente. Domeinen giet der mei akkoart dat alfêst mei de ütfiering begun wurdt. Dejinge dy't dit ütstel oanhalde wol soarget der foar dat aanst de saak op slot sit. Dan wurdt de sportstichting konfrontearre mei in oannimmer dy't graach oan it wurk wol, wylst dat noch net kin. Yn dy sin is it needsaaklik dat dit beslüt nommen wurdt. Mei de sportstichting binne düdlike öfspraken makke oer it beskikber stellen fan'e 3 ton en oer it behear en ünderhald fan it kompleksDe sportstichting sil seis aanst öfspraken mei de oannimmer meitsje. De hear Breeuwsma seit dat der gjin sprake fan is dat hy de saak op ien as oare manier ophalde wol. Hy fynt dat de wethalder de plicht hat mei in folslein finansjeel plaatsje te kommen. Hy ferwachtet fan it kolleezje in saaklike beneiering. Nettsj insteande dat hopet hy dat de atletykbaan der sa gau mooglik komt. De hear Van der Baan seit dat de wethalder him der net fan oertsjüget dat dit beslüt no nommen wurde moat. De wethalder reagearret net iens op wat hy krekt sein hat en hy haldt mar in wat wazich ferhaal. Hy fynt dat de saak earst mei Domeinen run makke wurde moat. Dan kin de ried in beslüt nimme en dêmei kin- ne öfspraken makke wurde mei de sportstichting. Wethalder Nieuwdam fynt dat hy folslein net in wazich ferhaal halden hat. Yn july is troch de ried besluten grün oan te keapjen en tagelyk is bekind dat de wurk mei wurksitewaasje der ta laadt dat ütfieringssaken op koarte termyn realisearre wurde moatte om it foardiel te pakken. Yn july hat hy ek sein dat der in iepen ein is, omt de priis fan'e grün net bekind wie. Hy hopet net dat de ried op syn beslüt fan july weromkommme wol. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fracties van C.D.A. en F.N.P. worden geacht te hebben tegengestemd. Voorstel tot het vaststellen van verkoop- en verhuurpriizen van bedrij fswater. De hear Bethlehem fynt it in goed ding dat it kolleezje de ferkeap- en ferhierpriizen rjochtlüke wol foar alle 3 foarige gemeenten. Hy hat de yndruk dat de ferkeappriisnet maklik te realisearjen is. Mei de priis de m2 is hy it wol iens, lykas mei de m2-priis foar de ferhier. De hear Van der Baan fynt it spitich dat oer dit ütstel net oerlein is mei de bedriuwen. It ütstel sa't dat no is komt, tinkt hy hiel ünfreonlik oer op'e ündemimmers. Priizen wurde ferhege fan f 1,00 nei f 4,00, dat is 300 Hy tinkt dat dat net iens mei, in ombudsman soe it seker öfwiize. Yn elts gefal heart sa'n priisferheging fasearre trochfierd te wurde. De ge meente moat ridlik en billik wêze. Hy woe it leafst dat allinne ta ferhier oergongen wurdt. As hy sjocht nei ferhierpriizen fan oare ynstansjes komt hy neame sa'n hege priis tsjin. Domeinen rekkent f 2,50 de m2 NOT17NOV1/RAAD/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 5