- 7 - De hear Van der Baan fynt dat der op in soberder gehiel ta gien wurde moat. Hy fynt dan 4 ton foar in atletykbaan in koopje as dat ferlike wurdt mei 2 ferkearsdrompels yn Wergea. De ried soe der hiel ferstannich oan dwaan tenei seis mar in budzjet fêst te stellen wêrmei de ütfierende organen harre mar réde moatte. No moat it oan'e iene kant tuike tuike oan en oan'e oare kant wurdt mar ütjün. Hy wol graach in skriftlike befêstiging fan'e oanbesteging. De hear Oosterhof slut him oan by wat de hear Bethlehem oer de Kooistrawei sein hat. Mefrou Santema seit dat it earste plan gans lukser wie. Moat it dan sa wêze dat in doarp dat al in hiel soad dingen misse moat dan ek noch mar in suterige entree hawwe moat? Wethouder Aukes betreurt het nog steeds dat de heren Dotinga en Van der Baan kretelogie hanteren zonder dat ze kennis hebben ge nomen van de raming van de aanpak van de Kerkbuurt. Het gaat naast de verkeersdrempels om een stuk herinrichting. Zij vindt het best met de verkeerscommissie in samenwerking met de dorps- vemieuwingscommissie te spreken over de Kooistrawei. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 15Voorstel tot wijziging van de gemeenschappelijke regeling werk voorzieningsschap Westergo. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 16Voorstel inzake de regionale planning van de volwasseneneduca tie. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 17Voorstel tot het beschikbaar stellen van een kredietvoorhet realiseren van een vaarverbinding tussen het Zwin en de Zwatte. De hear Veldstra seit dat it der op liket dat nei jierren fan wrakseljen fan bestjoerders en amtners in hast net te realisear- jen winsk foar de greep leit. In slachfeardich kolleezje hapte ta en kaam mei dit utstel. Syn fraksje giet akkoart mei it ütstel omt it past yn it ramt fan ófspraken mei de ruilverkave ling De Oude Jokse. It stiet yn it plan foar de lytse rekreaasjefeart wat benammen fan belang is foar üs eigen ynwenners. It slüt moai oan by it bestjoersplanMei in bytsje jild kin hjir in protte realisearre wurde, ynklusyf it meiwurkjen oan in oplossing foar de wite brêge. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje him fine kin yn wat de hear Veldstra krekt sein hat. Oan'e oare kant is hy bliid mei de tasizzing yn'e fjirde ófdieling dat de provinsje garant stiet foar it restearjende bedrach fan f 62.500,00. De brêge sil yn'e takomst noch wol in kear oer praten wurde. Alles kin no ienkear net yn ien kear. NOT17NOV.1/RAAD/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 9