- 14 -
16Voorstel tot het instellen van een geslotenverklaring van de
oostzijde van de Büterwal te Akkrum.
De hear Van der Baan fynt it in goede saak dat der no einliks in
beslüt falie kin. Syn fraksje hie tocht dat de oplossing bestean
soe üt it pleatsen fan twa pealtsjes by Mast en Terpstra, mar hy
sil ynstimme mei de no keazen oplossing.
Vervolgens wordt zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming
conform het voorstel besloten.
17Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve
van de renovatie van sporthal/zwembad "De Twine" te Grou.
De hear Bouma seit dat dit dtstel de ynstimming fan syn fraksje
hat. It docht him deugd dat der foar in protte saken offertes
oanfrege binne. As der wat fan it kredyt oer is ferwachtet hy
dat dat yn it ünderhaldsfüns komt en in eventueel tekoart moat
üt itselde füns komme. Dit is dus it léste bedrach dat de gemeen
te yn De Twine stekt.
Mefrou Veldstra freget har óf wêr't de b.t.w. aanst bliuwt. It
bedrach is no ommers ynklusyf b.t.w. Wat wurdt eins under kalami-
teiten ferstien. Dat soe ek düdlik yn it kontrakt mei S.F.N.
omskreaun wurde moatte. f 410.000,00 moat it uterste bedrach
wêze wat de gemeente yn De Twine stekt en eins soe it yn'e
takomst noch wat leger wurde moatte.
Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie instemt met het voor
stel. Zij herinnert eraan dat boekwaarde en renovatie steeds
apart zullen worden genoemd naast de exploitatie.
Mefrou De Vries fynt dit ütstel in logysk ferfolch op it earder
nommen beslüt oangeande behear en eksploitaasje fan De Twine. De
jierlikse bydrage fan f 410.000,00 liket no wol in hiele soad,
mar sy wol dat yn in wat breder perspektyf neame. Eartiids yn
Idaederadiel is de ried akkoart gien mei in jierliks tekoart fan
f 420.000,00. No nei rom tsien jier is it net sa min dat it
tekoart no noch f 410.000,00 is. Dat de b.t.w. yn it ünderhalds
füns stoart wurdt is in hiele goede saak. Sa sil ek op langere
termyn it ünderhald goed regele wêze.
Wethalder Nieuwdam konkludearret dat de ried ynstimme kin mei it
ütstel. Hy is dér bliid mei. Hjoed wurdt in histoarysk beslüt
oer it fuortbestean fan De Twine nommen. De b.t.w. moat earst
betelle wurde en letter kin it weromhelle wurde. As it werom is
sil it yn it ünderhaldsfüns stoarten wurde. De öfspraken fan
ferline moanne oer splitsing fan behear en eksploitaasje bliuwe
fansels oerein.
De hear Van der Baan hat der beswier tsjin dat de b.t.w. dy't
werom krigen wurdt yn it ünderhaldsfüns stoarten wurdt. De Twine
is aanst hielendal opknapt en yn it bedrach fan f 410.000,00 sit
elts jier ek in bedrach foar it ünderhald. Hy fynt dat de b.t.w.
stoarten wurde moat yn'e algemiene middels.
Mevrouw Van den Berg is zeer content met de beantwoording door
de wethouder. Spreekt mevrouw De Vries de intentie uit dat er in
de toekomst wel een hogere bijdrage van de gemeente zou kunnen
komen?
N0T19JANl/H/14