- 6 -
Mefrou Santema seit dat as de hear Van der Baan der sa fan
oertsjüge is dat we te let binne mei de réaksje hy ek net
safolle wurden dêroer hoecht te sizzen. Dizze troch Den Haach
opleine plannen binne ien grutte heap papier. Spitich dat der
safolle amtners, safolle tiid yntreaun is en dat dat no op ge-
meentlik nivo wer bart wylst we al mei de Blauwe Söne dwaande
binne. It is slim wat der by DAF en Philips bart mar de wurk-
leazens yn Fryslan is like slim en dêr wurdt praktysk neat oer
sein.
De hear Breeuwsma bliuwt derby dat in öfdielingsgearkomste gjin
riedsgearkomste is en hy üntstriidt dat de gemeente op tiid is
mei de réaksje. Syn fraksje fielt der neat foar it
C.D.A.-ministearje te folgjen as se it dêr ferkeard dogge. Hy
fynt dat dy hin dêr't de wethalder it oer hie en dy't net steurt
wurde mocht dochs mar öfskopt wurde moat. Der sitte somtiden
"koekoeksaaien" yn it nést. Hy tinkt dat de finansjele gefolgen
fan dit Struktuerskema folie grutter binne dan no tocht wurdt.
Men wol troch Domeinengrün te ferkeapjen de oankeap fan natuerge-
bieten finansiere. En dat earste giet no krekt hiel muoisum. Syn
fraksje fynt dat it kolleezje net fier genöch is yn syn réaksje.
Hy is fan betinken dat it Struktuerskema öfwezen wurde moat.
De hear Ren ia seit dat as de hear Breeuwsma de hin der dochs
öfskoppe wol hy dus tsjin de Blauwe Sóne is. Hy fynt dat yn de
réaksje stean moat dat wy de Blauwe Söne ütfiere wolle en as it
Struktuerskema dêrmei gearfalt is dat bést. Sa net dan wurdt it
Struktuerskema net utfiert.
Wethouder Aukes zegt nogmaals dat zij niet snapt dat er gezegd
wordt dat we te laat zijn met de reactie. Dat is niet zo, daar
heeft het college zich van alle kanten van verzekerd. Wat de
reactie betreft: er leiden vele wegen naar Den Haag. Zij wil
zeker niet op haar geweten hebben dat er niet door wordt gegaan
met de Blauwe Zone, of anders gezegd dat de broedende kip van
het nest wordt gestoten. Den Haag heeft met de provincie de af
spraak gemaakt dat de Blauwe Zóne uitgewerkt moet worden. Het
college wil ook dat als eerste omdat dan vanuit het lokale ge
bied beslissingen kunnen worden genomen. Die beslissingen dienen
te passen binnen de PKB en als het niet past is het college te
gen de PKB. Die conclusie wil zij wel in de samenvatting opnemen.
De foarsitter seit dat yn'e öfdielingsgearkomste oan it kollee
zje frege is de tekst fan'e réaksje skerper te meitsjen. Hy fynt
dat dat ek bard is. It kolleezje is fan betinken dat der op re
gionaal nivo beslissingen nommen wurde moatte. Op'e gearkomste
yn Wergea waard hiel faak it wurd"paperfersnipperaar" brukt as
it om it Struktuerskema gie. Dat is demagogysk praat. As it om
it belang fan'e boeren giet sil der op in soarchfaldige wize nei
it Struktuerskema sjoen wurde moatte. Hy wol graach fan'e ried
hearre op hokfoar punt it kolleezje net foldien hat oan itjinge
de ried wol. Hy soe it spitich fine dat de diskusje belanet yn'e
proseduerele sfear wylst ried en kolleezje it yn essinsje mei
mekoar iens binne. As it Struktuerskema hielendal weismiten
wurdt wurdt de Blauwe Söne ek net ütfierd. As de ried wol dat it
oerlis op regionaal nivo tusken de boeren, de gemeenten, de rek-
réaasje, miljeubeweging en de wetterskippen echt wat betsjut dan
moat it Struktuerskema net fuortsmiten wurde. De goede dingen
moatte derüthelle wurde en de minne fersmite.
NOT16TEB.1/H/6