- 16 -
De hear Van der Baan tinkt ek dat it hiel ünferstannich is om
ditsoarte kommisjes oan'e kant te skowen. Hy freget him ek öf
oft de ried dat samar dwaan kin en hy warsköget foar dizze
üntwikkeling.
Dizze kommisjes hawwe yn'e gemeente in tige wichtige funksje, se
hawwe in hiel goede feeling mei it wurkfjild, folie better dan
hokker amtner ek mar hawwe kin.
De hear Renia seit dat de yndruk wekt wurdt as soe hy sein hawwe
dat de Wolwêzenskommisje mar hurd opdükt wurde moat. Dat is abso
luut net wat hy sein hat.
Wethalder Nieuwdam fynt dat dizze diskusje thusheard yn it
petear dat der nochris komme moat oer funks je en taak fan'e
WolwêzenskommisjeAllinne de ried kin de Wolwêzenskommisje in
oare funks je jaan, oars net ien. Hy wol mei klam sizze dat de
Wolwêzenskommisje in hiele goede funksje hat. Mar der kin dêrom
best meielkoar ris sjoen wurde oft we sa fierder gean moatte oft
dat der mooglik in bettere wei is.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor
stel besloten.
17Voorstel inzake grondtransacties met betrekking tot de toeristi
sche recreatieve ontwikkelingen in Terheme.
De hear Van der Baan seit dat it ütstel foar safier it Terheme
oanbelanget foar syn fraksje düdlik is. Terheme dat in berntsje
mei in wetterholle driget te wurden.
Ek al is syn fraksje tsjin it plan op himsels en hat it ek net
it needsaaklike draachflak by de befolking, hy hat besocht de
arguminten te finen om mei te gean yn it ütstel. Syn fraksje kin
lykwols gjin stipe jaan oan it ütstel al hat hy goed besocht it
kolleezje yn syn opstelling te begripen.
Dy opstelling is miskien it béste te begripen as in begearte om
te scoaren, sawol by de provinsje as by de gemeente. Sa'n opstel
ling makket de minsken blyn foar de risiko's. Salang it üntwik-
kelingskontrakt net run is kin hy ünmooglik meigean. Hy wol mei
klam de riedsleden dy't aanst wol foarstimme sille warskögje.
Litte we net deselde kant ütgean as earder bard is. Hy tinkt
dat de beswieren dy't tsjin it plan ynbrocht binne oant de Ried
fan Steate ta trochrinne sille. Hy tinkt dat der dan ek net in
lyts bytsje fertraging üntstean sil by de üntgruningsoanfraach
mar it kin wol twa jier wurde. By de nije iisbaan is dan wol in
ynspanningsferplichting mar foar itselde jild giet soks oer. It
kolleezje stelt dat we takinne mei in nettobydrage fan 1 mil
joen. Mar der komt noch wol 3 ton foar it baggerjen oerhinne.
Earder is der foar de öfkeap fan Akkerman 2 ton betelle, de nije
berekkening jout der nochris f 93.000,00 oerhinne. Hy komt dan
yn syn totaal op in bedrach fan 1,6 miljoen. Hy wol ek noch wize
op it feit dat Louwer om'e Tün beswieren makket omt aanst it
boezemwetter dêr yn'e tün komt te stean. Ek dêr komme dus ekstra
kosten achter wei. Wa sil dat betelje? It reservebedrach dan
noch fan Yn'e Lijte oer is, 1,9 miljoen is hjirmei hast op. Ek
moat de ried noch in tariedingsbes lüt nimme om de hear Akkerman
yn Akkrum wat nijs bouwe te litten op in lokaasje dêr't dat net
mooglik is. Wat hat dat no te krijen mei it plan fan Terheme?
N0T167EB.l/H/16