- 17 -
Hy tinkt fan neat en hy fynt dat it kolleezje opnij ütglidet
krekt as by de saak De Schiffart. Syn fraksje is dêr poer op
tsjin. Likense rjochten foar alle minsken en gjin ütsünderings-
posysjes foar inkelden.
Hy wol graach witte wêrom de projektuntwikkelder pas letter de
grün oemimme sil. Hy is fan betinken dat de gemeente
Boarnsterhim dit risiko perfoarst net drage kin. As dizze oer-
ienkomst sletten wurdt betsjut dat opnij in sprong yn it djippe.
De hear Breeuwsma seit dat it beslüt dat Terheme hielendal
fuortboud wurde sil al nommen is yn'e ried. It is bekind hoe't
syn fraksje dêr oer tinkt. It giet no om de gruntransaksjesHy
hat de yndruk dat sa as de bestimming üt'e han run is no it
kontraktuele barren üt'e han rint. Yn'e öfdielingsgearkomste hat
hy in stik as tolve fragen steld en op al dy fragen is in ünbef-
redigjend antwurd kommen. As alles meisit dat hat de gemeente
him al ferbün foar f 1.750.000,00. Hy fynt dat de pot Yn'e Lijte
dêr net foar brükt wurde mei. De haadsaak fan'e pot Yn'e Lijte
soe brukt wurde foar rekreative foarsjennings om Grou hinne. Oer
de öfkeap fan it ünderhald fan wetter en wegen is dan noch net
iens praten. Dêr sil wol oer praten wurde moatte. Der binne ek
üntgruningsbeswieren dy't it kontrakt swier yn'e wei sitte kin-
ne. De subsydzje is noch net run. Hy hat ek frege hoe't it komt
mei al dy B.V.'s en wat se allegearre dien hawwe en dwaan sille.
Der is in hiel bloeiende hannel yn B.V.'s en it wurdt heech tiid
dat der in wet komme sil tsjin de hannel yn B.V.'s. Syn fraksje
freget him sjoen boppesteande fragen óf oft it kolleezje net yn
in hiel djip gat springt mei dit ütstel.
Oer de utstellen fan VB-accountants foar wiziging fan'e kontrak
ten is feitlik noch neat bekind. Syn fraksje fynt dan ek dat der
no noch gjin besluten nommen wurde moatte. It is better yntiids
werom as kwealik fuort te gean.
De hear Bouma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei de plannen
foar Terheme. De kontakten mei de nije proj ektuntwikkelder
rinne gelokkich troch, der hat in protte oerlis oer en wer west
oer de goede kontrakten. De wize wêrop it kolleezje hjir mei
omgiet fertsjinnet wol in komplimint. De kontrakten binne troch
meardere eksteme adviseurs screend en der binne oanbefellings
dien dy't it kolleezje opfolge hat. It feit dat der in tredde,
fjirde en fyfde ferzy fan'e kontrakten makke is jout foar him
wol oan hoe goed it kolleezje besiket alle bekinde risiko's üt
te sluten. Der is in breed draachflak foar it plan. Der binne
meardere partisipanten sa as de Stichting Waterreceatie en de
pleatslike ündemimmers hawwe foarütrinnende op de ütfiering ek
al ynvestearrings dien. De öfhanneling fan'e beswierskriften hat
hy alle betrouwen yn. Deputearre Steaten hawwe dat ek, sjoen de
al takinde subsydzje en de deroan keppele ferfolchsubsydzje üt'e
I.S.P.-pot komt ynkoarten ek beskikber. Hy freget yn hoefier der
öfweken wurdt fan'e gemeentlike bydrage fan 1 miljoen. Hy fynt
wol dat der eins oan dy miljoen fêsthalden wurde moat. As de
plannen no öfblaasd wurde soene soe dat foar Terheme hiel sneu
wêze mar wy kinne ek wol ferjitte dat der ea noch wer sa'n
soarte plan opsetten wurde kin omt we dan net mear betrouber
oerkomme by oare oerheden en projektüntwikkeldersDe opmerkin
gen fan C.D.A. en F.N.P. nimt hy foar kundskip oan en hy fynt it
spitich dat dy allinne mar negative saken nei foaren bringe.
NOT16ÏEB.1/H/17