GEMEENTE BOARNSTERHIM
18. Utstel om krediten beskik-
ber te stellen foar reno-
vaasje fan de Dokter
Eeltsje Halbertsmaskoalle
yn Grou.
Oan'e gemeenteried.
Grou, 5 maart 1993.
By beslüt fan 7 july 1992, nümer 22, hat jimme ried in kredyt beskik-
ber steld fan f 70.000,00 om de renovaasje of nijbou fan de Dokter
Eeltsje Halbertsmaskoalle te Grou ta te rieden.
Yn it oanbelangjend riedsütstel fan 26 juni 1992, nümer 22, hawwe wy
in ütiensetting jün oer de mooglikheden fan renovaasje of nijbou fan
dy skoalle.
Direkte oanlieding dêrta foarmde de beskikking fan it Ministearje fan
Underwiis en Wittenskippen fan 25 jannewaris 1991. By dy beskikking
hat it ministearje goedkarring jün foar "algehiele oanpassing" en
"yngripend ünderhald" fan it haadgebou fan de Dokter Eeltsje Ha
lbertsmaskoalle (40 jierrige syklus).
Om't yn jannewaris 1991 teffens it ministearje syn skealfergrut-
tingsplannen foar it basisünderwiis bekind makke, hawwe wy mei it
ministearje de mooglikheden ünder eagen sjoen om yn stee fan de Dok
ter Eeltsje Halbertsmaskoalle te renovearjen in nije iepenbiere
basisskoalle te Grou (14 groeps) te bouwen, dêr't sawol de Dokter
Eeltsje Halbertsmaskoalle as de Master Wielsmaskoalle as ien basis
skoalle ünderdak yn fine kinne, benammen omdat beide skoallen feitlik
ien fiedingsgebiet hawwe (mooglike füzje). Njonken de mooglikheid om
in nije skoalle te bouwen, binne ek mooglikheden om yn fasen ta ien
iepenbiere (14 groeps) basisskoalle te Grou te kommen besjoen en be
praat.
Ut'e kontakten mei it ministearje die lykwols bliken, dat nettsjins-
teande de skealfergruttingsplannen binnen it basisünderwiis op gjin
inkelde ekstra finansjele stipe fan it ryk rekkene wurde kin (budget-
tair-neutraal)
It ryk hat der gjin beswier tsjin om óf te wiken fan de beskikking
fan 25 jannewaris 1991 troch bygelyks in nije skoalle te bouwen, mar
de ryksbydrage sil allinne mar basearre wêze op in renovaasjefer-
goeding foar it haadgebou.
Om - mei yn achtnimming fan it boppeneamde - in tal altemativen
neier üt te wurkjen, hawwe wy, lyk as oanjün yn üs riedsütstel fan
26 juny 1992 in architektenburo ynskeakele, dy't wilens in oantal
renovaasje- en nijbouwplannen üntwikkele en berekkene hat. It gie
dêrby üteinlik om in 5-tal mooglikheden mei harren öfsünderlike
finansjele konsekwinsjesDy plannen hawwe wy beoardield en mei de
bouwkommisje fan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle bepraat.
Us yntinsje dêrby wie in sadanige hüsfestingfoarsjenning te meitsjen,
dat de mooglikheid iepen bliuwt om it gebou yn'e takomst ta ien
grutte 14 groeps-basisskoalle üt te wreidzjen.
DMVEREN0.EHS/0W/1