It hat net folle sin dy aide kij wer üt de sleat te heljen. Feit
is dat no de nije struktuer oan'e oarder is. Ynfoljen fan de
haadstruktuer, funksjeprofilen ensafuorthinne is it foech fan it
kolleezje. Nimmen kin oer hokfoar organisaasjestruktuer dan ek
sizze dat dy foar 100 beantwurdet oan alle winsken. It kollee
zje giet net mei mei it ütstel fan it C.D.A. om it utstel in
moanne foardt te skowen. It moat dudlik wêze dat it kolleezje
dan net mei in oar ütstel komme sil. Foarutskowen bringt fer-
traging en mear dnsekerheid. Hy fynt it spitich dat mefrou Van
den Berg sinjalen fanut it personiel hjir sa nei bdten bringt
omt hy fan betinken is dat de wize wêrop it kolleezje dizze
ofrdne simmer dwaande west hast der fan tsjüget dat it kolleezje
syn uterste best dien hat om goed mei it personiel yn petear te
kommen. It draachflak is gjin 100 mar dat wie it oangeande de
foarige organisaasjewiziging ek net. It siet doe op itselde nivo
as no.
Mefrou Veldstra fynt it wol hiel maklik fan'e wethalder om net
mear oer it ferline prate te wollen. Lykwols, it kolleezje hat
de foarige struktuer fêststeld en de direkteuren beneamd. Der
binne faaks tasizzings dien en finansjeel sille der ek kon-
sekwinsjes wêze. Hoe sil it kolleezje dat oplosse? Krijt de ried
letter noch in utstel om de direkteuren te beneamen. Op noch
inkelde fragen oer bygelyks it funksjeboek en it foarriedich
beneamen fan'e 2 direkteuren hat sy gjin antwurd krigen.
De hear Bouma fynt dat de ried him beheine moat ta syn taak, it
fêststellen fan'e haadstruktuer. Hy kin him wol yntinke dat oare
fraksjes fragen stellen mei de soarch der achter oft it allegear
wol goed bart. Mar de saken dy't mei it beneamen fan personiel
ensafuorthinne te meitsjen hawwe binne oan personielssaken en de
portefeuillehalder P.en 0. en dêr hat hy alle betrouwen yn.
Mefrou De Vries seit dat har fraksje fan betinken is dat dizze
saak no beslutryp is, utstel hat gjin doel. Der is no in draach
flak by G.O. en M.S.K. De ienriedigens fan de ried is yn dit
stadium hiel wichtich omt in lykwicht yn'e organisaasje hiel
brekber is. De taak fan'e ried is it fêststellen fan'e haad
struktuer. De fierdere dtwurking, it beneamen fan minsken, it
funksjeboek is oan it G.0. en it kolleezje. Yn it G.O. sitte
leden fandt de ried dy't de belangen fan'e ried dêr fertsjintwur-
digje.
Mevrouw Van den Berg vraagt of de verdere uitwerking inderdaad
aan het G.O. is. Volgens haar brengt het G.O. alleen maar advies
uit. Heeft het college het mandaat betreffende benoeming van
directeuren. Zij meent te weten dat het niet zo is ten aanzien
van de directeur O.W.R.O. Haar fractie heeft deze vragen gesteld
uit bezorgdheid over het vervolg van het traject. Natuurlijk kan
zij niet aangeven dat deze structuur niet zal werken en de vori
ge wel. Dat kan de wethouder ook niet want de 3-hoofdige struc
tuur is nog niet in werking geweest. Haar fractie noemt het hui
dige draagvlak zorgelijk en heeft daarom voorgesteld nu de hoofd
structuur vast te stellen zonder de daaronder liggende procedu
res en te wachten met de verdere invulling. Zij wil ontzettend
graag dat het nu voor de toekomst goed gebeurt, dat de raad de
zuivere randvoorwaarden stelt. De nieuwe portefeuillehouder moet
daarmee verder.
NOT19JAN.1/H/7